Springe nei ynhâld

Marijn Kuipers

Ut Wikipedy
Marijn Kuipers
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 9 april 2000
berteplak It Oranjewâld
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt presintatrise
aktyf as flogger, influencer
jierren aktyf 2018 – no
offisjele webside
Marijn Kuipers op Instagram
Kuipers YouTube-kanaal

Marijn Kuipers (It Oranjewâld, 9 april 2000) is in Nederlansk-Fryske presintatrise, flogger en influencer. Leeuwarder Courant

Jeugd en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marijn groeide op yn Oranjewâld (tichtby It Hearrenfean) mei in âldere suster. En fan har sechsde ôf, nei de skieding fan har âlden, groeide se ek foar in part op yn Ketlik by har mem. Kuipers gie nei de middelbere skoalle en it mbo op It Hearrenfean, se folge dêr de oplieding Wellness & Lifestyle oan it Friesland College. Yn 2020 stie se yn de finale fan de Miss Beauty of Fryslân ferkiezing.

Marijn docht presintaasjewurk foar it online platfoarm Rumag, docht mei oan de Youtube-searje Hooligirls en is ambassadeur fan de stichting Make A Wish. It begûn foar har allegearre yn 2018, yn de sportskoalle op It Hearrenfean. Tegearre mei in freondinne pleatste se fitness kontint op Instagram.

Doe 't in manljusaccount mei goed 500.000 folgers ien fan har fitnessfotos poste, groeide har bekendheid enoarm. Se is sûnt 2020 aktyf foar Rumag, nei in berjochtsje fan Danny Membre, de baas fan RUMAG. Se hat op it stuit (maart, 2023) 36.300 folgers op YouTube, 325.000 op Instagram en 525.000 op TikTok.

Marijn Kuipes waard yn 2022 troch manljusblêd FHM bekroand ta Social Media Queen 2022 fanwegen har nije knappe ferskining, grappige filmkes op TikTok, har moaie kykjes op Instagram en har optredens op de kanalen fan Rumag.

Marijn wennet op it stuit mei 2 fammen út Fryslân yn Amsterdam.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: