Andries Gaastra (1940)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Andries Gaastra (It Oranjewâld, 1940) is in ûndernimmer, direkteur en ûntwerper fan fytsen. Hy is in pakesizzer fan Andries Gaastra de oprjochter fan fytsfabryk Batavus.

Gie neide IVA yn Driebergen en studearre bedriuwskunde yn Dútslân en learde dêr syn frou Marion Kowallik kennen. Kaam yn 1967 by Batavus, mar doe't syn heit yn 1974 Batavus ferkocht begûn Andries foar himsels. Ferliet Batavus yn de jierren santich en begûn in eigen fytsfabryk: Koga Miyata. Letter waard de namme Koga, 'Ko' stiet foar Kowallik en 'Ga' foar Gaastra en Miyata is de namme fan de Japanske framebouwer. Yntrodusearre it fytsmerk Giant op de Europeeske merk en waard ymporteur foar Nederlân foar it merk fan fytsûnderdielen Shimano. Ferkocht yn 1992 syn saaklike belangen oan Accell en ferhuze nei West-Vancouver yn Kanada. Begûn dêr mei it ûntwerpen fan in noflik sittende fyts foar senioaren, de Sofabike. De ferbettere ferzje dêrfan, de Balance, krige yn 2012 de priis 'Goed Industrieel Ontwerp'. Dy fyts wurdt makke troch de konkurrint fan Batavus: Gazelle yn Dieren. Op de Balance sit in patintearre fining fan Gaastra, wêrby't in trepleas ferskober seal foar elke fytser de goede hâlding fan de fytser oplevert en deat wylst it fytsfabryk mar ien framemaat hoecht te meitsjen.

Syn soan Gerrit Gaastra bout en ûntwerpt de fytsen Idworx en Gaastra fytsen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: