Andries Gaastra (1879-1945)

Ut Wikipedy

Andries Gaastra (It Hearrenfean, 28 septimber 1879 - dêre 18 juny 1945 ) wie de grûnlizzer fan it Batavusfabryk.

Andries begûn syn wurkpaad as feint op it nikkelfabryk fan Harmsen en Nieuwenhuis oan de Parallelwei op It Hearrenfean en wurke letter as hannelsreizger. Yn 1904 begûn er in winkel yn naaimasines, fytsen, horloazjes ensfh. op de Dracht. Earst wienen de fytsen mar bysaak, mar doe't dizze mear yn gebrûk kamen begûn Gastra dizzen sels te montearen, en kocht er se net mear ôfwurke. De ûnderdielen kamen benammen út Dútslân. Nei de oarloch 1914 - 1918 hat de saak in grutte flecht nomd en waarden de ûnderdielen sels te meitsjen. Yn 1956 binne de fabryksgebouwen op it yndustryterrein yn gebrûk nomd.

Gaastra hat him ek dwaande hâlden mei it meitsjen fan redens, bromfytsen en sikehûsmeubilêr.