Springe nei ynhâld

Henk Evers

Ut Wikipedy
Henk Evers
sporter
Henk Evers yn 1964
Henk Evers yn 1964
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 5 oktober 1939
berteplak It Oranjewâld
sportive ynformaasje
sport Atletyk
ûnderdiel Spearwerpen, kûgelstjitten, fierspringen en hink-stap-sprong
trener Wim Peters

Henk Evers (5 oktober 1939) is in earder atleet út It Oranjewâld. Nei syn skoaltiid op de ULO waard er mei 17 jier lid fan AV'55 út It Hearrenfean. De blommistesoan wie spesjalisearre yn spearwerpen, kûgelstjitten, fierspringen en de hink-stap-sprong. Nei syn militêre tsjinsttiid by de kommando's lei er him ta op fierspringen en de hink-stap-sprong. Mei syn Fryske rekôr fan 13,83 kaam er ek yn de Nederlânske atletykploech. De hast twa meter lange atleet treende ûnder lieding fan âld-Nederlânsk rekordhâlder fierspringen, Wim Peters út Swol. Syn útslaggen op it Nederlânsk Kampioenskip yn Winschoten fan 1967 wienen op de hink-stap-sprong 14,09 meter en by it fierspringen 6,86 meter.

Syn PR en it Nederlânsk hink-stap-sprongrekord wie 15,64 meter dat er helle by de ynterland tsjin Eastenryk yn Innsbruck.

Persoanlike rekords

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Underdiel Prestaasje Datum Plak
fierspringen 7,40 m 18 juny 1967 Utert
hink-stap-springen 15,64 m (eks-NR) 27 july 1963 Innsbruck

Nederlânske rekords

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Underdiel Prestaasje Datum Plak
hink-stap-springen 15,61 m 8 juny 1963 Billingham
15,64 m 27 july 1963 Innsbruck