Wynskoat
Wynskoat Winschoten Winschoot | ||
Burgemeester Schönfeldplein | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Aldamt | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 17.750 (2021) [1] | |
Oerflak | 22,24 km² | |
Befolkingsticht. | 798 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A7 N367 Steatsline B | |
Postkoade | 9670 - 9675 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 8' N 7° 2' E | |
It âlde stedhûs | ||
Offisjele webside | ||
Side Wynskoat | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Kaart fan Wynskoat |
Wynskoat[2] (Nederlânsk en offisjeel: Winschoten; Grinslânsk: Wìnschoot) is in eardere gemeente en in stêd yn de gemeente Oldambt. Wynskoat is de nei Grins en Appingedam de tredde stêd fan de provinsje Grinslân. It leit yn it easten fan de provinsje. De bynammen fan Wynskoat binne Sodom en fanwegen de trije mûnen Berg, Dijkstra en Edens Mûnestêd.
Fan oarsprong wie it in wichtich Fryske delsetting, mar it hat syn posysje yn de midsiuwen ferlern. Yn dy tiid wie Midwolda it wichtichste plak yn it Aldamt. Yn de jierren '60 fan 18e iuw hat Wynskoat syn hege posysje wer krigen en hat dit oant hjoed-de-dei behâlden, troch ûnder oare it grutste winkelsintrum fan east Grinslân.
Neffens ynwenners is Wynskoat de fyfte stêd fan Grinslân.
Wynskoat leit oan de Nije Mar Aldamtmar, dêr't it projekt Blauwestêd him ûntjaan moat.
Eardere gemeente
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wynskoat hie 18.298 ynwenners (nov. 2009), boarne: CBS) en in oerflak fan 22,24 km² (wêrfan 0,58 km² wetter).
De gemeenten Wynskoat, Scheemda en Reiderlân waarden op 1 jannewaris 2010 gearfoege ta de gemeente Oldambt. De befolking fan de trije gemeenten hat yn in referindum har foarkar foar dy namme útsprutsen.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan de stêd waard foar it earst brûkt yn 1391. Lettere foarmen wiene: Wynschote(n), Wynschotten, Wynschoeten en Winschote(n). It efterheaksel "-schote" komt fan it Aldfrysk skat, dat "heger lizzend lân" betsjut en is tekenjend foar delsettings dy't heger lizze yn feangebieten. It foarheaksel "Win(s)e-" yn in palknamme is nei alle gedachten ôflaat fan de Germaanske woartel winithi-, dat soksawat as "greidelân, healân" betsjut.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Midsiuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wynskoat ûntstie nei alle gedachten op de heechste punt fan in âlde balstienliemrêch al foar de alfde of tolfde iuw. De bakstiennen Sint-Fitustsjerke oan de Marktplein komt fan om 1275 hinne, mar der koe al earder in tsjerke stien hawwe. De Abdij fan Corvey hie de fâdij oer de tsjerke fan Wynskoat.
Yn de alfde en tolfde iuw ûntstiene twa doarpen op de râne fan in feangebiet, fan dêr it feangebiet oanmakke waard. Dy doarpen leine yn in bôge om de doarpskearn hinne: Boppebuorren en Sint-Fitusholt of Suderfean. Sint-Fitusholt hie ynearsten in eigen tsjerke. Yn 1543 waard dy tsjerke ôfbrutsen. Boppebuorren foel ûnder de parochy fan de tsjerke oan de Marktplein. Fan it Suderfean ôf waard it heechfean oanmakke by Alde Pekela. Yn 1514 kocht de stêd Emden turf út it Aldamt.
Wynskoat hearde yn de Midsiuwen ta de Fryske goa Reiderlân, mar foel mei Westerlee, Hilligerlee, Beerta, Ulsda, Blijham en Bellingwolde ta it bisdom Osnabrück, dêr't ek Westerwâlde by hearde, ta tsjinstelling fan de rêst fan Reiderlân, dy't ta it bisdom Múnster hearde. Wynskoat wie tagelyk ek it haadplak fan it rjochtsdistrikt yn it Reiderlân, dat it Ulsder Fyfdediel neamd waard. Om't de Abdij fan Corvey fier fuort wie, liet dy de rjochten dy't it hie yn Wynskoat en Westerwâlde fan de fjirtjinde iuw ôf waarnimme troch de haadlingefamylje Addinga fan Wedde, dy syn foarâlden út it Reiderlân kamen. Yn 1474 bewiisde dy famylje dat se de rjochten op de voghedye to Wynschot als des Stifts Corvey olde erve al mear as hûndert jier yn hannen hawwe. De Addinga's makken lykwols misbrûk fan harren posysje en krigen in skeel mei de pleatslike befolking.
Yn de tiid fan de strideraasjes tusken Skieringers en Fetkeapers wist de stêd Grins yn 1435 njonken it Aldamt ek in part fan it Reiderlân om Wynskoat hinne te bemachtigjen. Yn 1475 waard Egge Addinga troch syn ûnderdienen ophongen. Trije jier letter waard syn soan Hayo troch Grins ferjage. By Winschoterhogebrug waard de Pekelboarch boud, dêr't in kastlein mei inkelde soldaten ynlutsen. De Addinga's lieten harren lienguod fan Corvey yn 1486 nei oan de stêd Grins. Doe't it gewest yn hannenkaam fan greve Edzard I fan East-Fryslân, dy't besibbe oan de Addinga's wie, namen se harren besittings yn 1506 wer werom. It Aldamt, dêr't Wynskoat fan doe ôf rekkene waard, kaam al gau ûnder it bewâld fan Karel fan Gelre, dy't de Addinga's ferjeie liet. Karel V joech op syn bart yn 1536 Westerwâlde yn lien oan syn steedhâlder Georg Schenk fan Toutenburch. Wynskoat bleau, kreksa as de rêst fan it Aldamt, ûnder it bewâld fan de stêd Grins. De Addinga's slaggen der net mear yn en krij harren rjochten op de tsjerke yn Wynskoat werom.
Nije tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de Slach by Hilligerlee yn 1568 oant 1580 waard it rêstiger yn Wynskoat. Yn 1580 rûn steedhâlder Rennenberch oer nei de Spaanske kant en oant 1594 fûnen der ferskate strideraasjes plak yn en om Wynskoat hinne. Yn 1593 ferovere greve Willem Loadewyk fan Nassau it plak op de Spanjerts, dy't it itselde jier wer werom pakten. Yn 1594 kaam it gânse gewest Stêd en Ommelannen yn Steatske hannen. Yn 1624 waard Wynskoat wer troch de Spanjerts ferovere en ferbaarnd.
Yn 1672 waard Wynskoat troch troepen fan de Múnsterske biskop Kristoffel Bearend fan Galen ferovere, mar waarden letter yn dat jier wer werom slein. Yn maart 1674 waard Wynskoat fannijs troch de Múnstersken plondere.
Ekonomysk wie Wynskoat net al tefolle fan belang. Yn 1653 waard it Wynskoaterdjip groeven en krige it in bettere ferbining. Yn de achttjinde iuw begûn de ekonomyske bloei en rekke in hichtepunt yn de njoggentjinde iuw, nei't it plak offisjeel stedsrjochten fan kening Willem I krigen hat. De stêd woeks ta it wichtichste sintrum fan eastlik Grinslân. Letter namen Feandam en Stedskanaal de posysje as sintrumplakken foar in part oer, mar Wynskoat bleau de twadde winkelstêd fan de provinsje.
Joadske mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wynskoat waard yn de njoggentjinde in it begjin fan de tweintichste iuw in hannelstêd, foar in part troch de oanwêzigens fan in soad Joaden. Op in befolking fan 4.972 ynwenners hie Wynskoat yn 1859 in Joadske mienskip fan 534 persoanen (10 prosint fan de befolking, nei Amsterdam de stêd mei persintueel it heechste tal Joaden). Ek spile it oanlizzen fan it spoar nei Grins yn 1867 in grutte rôl. De skiednis fan Wynskoat hat in swarte side troch it ôffieren fan de Joaden yn de Twadde Wrâldkriich, dy't sawat fermoarde waarden yn konsintraasjekampen. Wynskoat waard yn 1945 befrijd troch Belgyske SAS, Kanadeeske en Poalske troepen.
Blauwestêd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 12 maaie 2004 is mei it projekt Blauwestêd tusken Wynskoat en Midwolda úteinsetten. De nije mar dy't oanlein waard, de Aldamtmar, leit it nije doarp Blauwestêd. It projekt wie jierrenlang in finansjeel fiasko, mar fan 2017 ôf begûn it einlings ta bloei te kommen. Yn 2020 wiene 350 fan de oarspronklike 1480 wenten dien makke en it projekt moat no noch trochgroeie oant it maksimum fan om 1250 wenten hinne helle wurdt yn 2050.
Nijsgjirrich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 1815 hinne waard yn Wynskoat de jierlikse Alderheljenmerke organisearre. Dy jiermerke, dat troch de pleatslike befolking Adrillen (Grinslânske wurdt foar Alderheljen) neamd wurdt, is eltse earste moandei fan novimber yn it sintrum fan de stêd. Op de twadde moandei fan deslde moanne wurdt de jiermerke, as Lutje Adrillen yn it lyts oerdien. Dat wie fanâlds it stuit dêr't boerefeinten en -fammen harren fertsjinsten foar it simmerhealjier krigen en in nij plak foar it winterhealjier sykje moasten.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 1980 waakste it ynwennertal fan Wynskoat oan, dêrnei naam de befolking ôf.
Histoaryske ûntjouwing ynwennertal | |||
---|---|---|---|
Jier | Ynwenners | Jier | Ynwenners |
1795 | 1.952 | 1920 | 12.855 |
1805 | 2.228 | 1930 | 13.342 |
1815 | 2.678 | 1947 | 15.784 |
1829 | 3.229 | 1960 | 16.464 |
1839 | 3.578 | 1971 | 17.785 |
1849 | 4.123 | 1980 | 21.101 |
1859 | 4.972 | 1990 | 19.380 |
1869 | 5.547 | 2000 | 18.596 |
1879 | 6.640 | 2004 | 18.500 |
1889 | 7.815 | 2006 | 18.501 |
1899 | 9.668 | 2008 | 18.358 |
1909 | 11.202 | 2010 | 18.300 |
Boarne 1: www.volkstellingen.nl (oant 1971) Boane 2: CBS Statline (nei 1971; op 1 jan.) |
Yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wynskoat bestiet út de folgjende wiken en buerten:
- Sintrum
- Zeeheldenbuurt
- Noard (Parkwijk)
- Súd
- Udesweg Súd
- Grintweg (Kloostervallei)
- Bomenbuurt
- Sint Vitusholt (Lanengebied)
- Wynskoat-Yndustrygebiet.
Skoallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Basis ûnderwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Beukenlaanskoalle
- De Tweemaster
- De Kleine Dollard
- De Waterlelie
- St. Vitusskoalle
- De Vossenburcht
- De Maranatha
- De Leilinde
- Delta
- de Meent
Pjutteboartersplakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hermelijntje
- Waterratjes
- 't Beukenootje
Fuortset ûnderwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dollard College
- Ubbo Emmius
- Noorderpoort College
Ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Autoferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wynskoat leit oan de A7 fan Grins nei Bad Nijeskâns en is troch de ôfritten "Wynskoat" en "Wynskoat-West" ferbûn mei dy dyk. By Bad Nijeskâns oer de Dútske grins giet dy dyk fierder as de Bundesautobahn 280 rjochting Lier yn Eastfryslân.
Oan de eastkant fan de stêd rint de N367 en foarmet de eastlike rûnwei.
Wetterferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd leit oan it Wynskoaterdjip en de Rensel en is de haadfeartrûte foar skippen oant 1350 ton. Ek rint de Pekel A by Wynskoat del rjochting Nieuwe Statenzijl dêr't er yn de Doalert útmûnet. Foar rekreaasjefeart hat Wynskoat in jachthaven.
Treinferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wynskoat leit sûnt 1868 oan de Steatsline B fan Harns nei Nijeskâns. Yn 1876 kaam der oansluting op it Dútske spoarwegenet doe't de spoarline Nijeskâns nei Ihrhove iepene waard. It Stasjon Wynskoat is it stasjon fan de stêd dy't yn 1865 ree wie en dy't hjoed-de-dei noch hieltyd orizjineel is. Yn desimber 2020 waard in flugge trein fan Grins nei Wynskoat wiermakke en it is de bedoeling dat der yn de takomst ynternasjonale treinen fan Grins nei Bremen ride sille yn it ramt fan de Wiederline. It wiermeitsjen dêrfan hinget gear mei it weropbouwen fan de Friezebrêge by Weener oer de Iems hinne.
Berne yn Wynskoat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Dirk Stikker (5 febrewaris 1897), minister en sekretaris-generaal fan de NAFO († 1979)
- Jaap Meijer (18 novimber 1912 - 9 july 1993), publisearre ûnder pseudonym: Saul van Messel, histoarikus en dichter, heit fan Ischa Meijer
- Max Dendermonde (17 juny 1919), skriuwer († 2004)
- Klaas Nuninga, (7 novimber 1940), fuotballer en official
- Koos van Dijk (1945), bekend manager fan û.o. Herman Brood
- Gijs Wanders (13 april 1950), sjoernalist en skriuwer
- Kim Pieters (5 oktober 1979), aktrise
- Marcel Seip (5 april 1982), fuotballer
- Bas Jan Ader (1942 - 1975), keunstner
- Johan van Zweden (1896 - 1975), byldhouwer en keunstner
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- N.B.M.Noardlik Bus Museum Wynskoat
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Offisjele webside fan 'e Gemeente Oldambt
- Webstee N.B.M.Noardlik Bus Museum Wynskoat
- Webstee Blauwe Stêd
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Gemeente Aldamt | ||
---|---|---|
Stêd: Wynskoat | ||
Doarpen: Bad Nijeskâns • Beerta • Blauwestêd • Drieborg • Finsterwolde • Hilligerlee • Midwolda • Nieuw-Beerta • Nieuwolda • Nieuw-Scheemda • Oostwold • Scheemda • 't Waar • Westerlee | ||
Buorskippen: Aldedyk • Aldesyl • Beersterhoogen • Bikkershorn • Boneskâns • Eexta • Ekamp • Finsterwolderhamrik • Ganzedijk • Goldhoorn • Hamdyk • Hardenberg • Hongerige Wolf • Kostverloren • Kromme-Elleboog • Meerland • Napels • Niesoord • Nieuwe Statenzijl • Nieuwolda-Oost • Oostwolderhamrik • Oude Statenzijl • Scheemderzwaag • Sint-Fitusholt • Suderfean • Tranendal • Ulsda • Wynskoaterhegebrêge • Wynskoatersyl | ||
Polders: Kroonpolder • Oostwolderpolder • Reiderwolderpolder • Stadspolder | ||
Wetter: Aldamtmar • Doalert • Rensel • Pekel A • Tsjamme • Westerwâldske Aa • Wynskoaterdjip | ||
· · |