Jan Mankes

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Selsportret fan Jan Mankes

Jan Mankes (Meppel, 15 augustus 1889 - Eerbeek, 23 april 1920) wie in Nederlânsk keunstskilder.

Jan Mankes gie yn 1902 nei de hbs yn Meppel, mar makke dy net ôf doe't de húshâlding yn 1903 nei Delft ferhuze. Yn dy perioade wurke hy as learling fan glêsskilder J.L. Schouten en folgde er in jûnsoplieding oan de Akademy foar Byldzjende Keunsten yn De Haach. Hy begûn mei it skilderjen fan fûgels en nêsten yn de tunen fan De Haach en omkriten. Fan 1909 oant 1915 wenne Mankes mei syn âlden yn Boppeknipe. Dêr ûntstie hy syn leafde foar de natoer en makket er in protte fan syn bêste wurken.

Yn 1913 kaam er yn de kunde mei Anne Zernike, in teologe en de earste frouljus-predikant fan Nederlân. Hy boaske yn 1915 mei har, wêrnei't sy in skoftke yn De Haach wennen. Yn 1916 ferhuzen se nei Eerbeek yn Gelderlân omdat se tochten dat dy boskige omjouwing goed wêze soe foar Mankes, dy't wylens tuberkuloaze skipe hie. Yn dy perioade wenne er ek inkele moannen yn Nunspeet. Yn 1918 waard harren soan Beint berne, neamd nei Jan syn heit. Jan Mankes wie slim siik en lei in soad op bêd; as it wat better gie wurke er oan ien tried wei. Yn 1920 ferstoar er oan syn sykte, doe't er 30 jier âld wie. Hy waard begroeven yn Eerbeek.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jan Mankes liet in oeuvre nei fan sa'n 150, benammen lytse skilderijen, ûngefear 100 tekeningen en sa'n 50 printen. Yn mear as de helte fan syn wurk is de natoer it wichtichste ûnderwerp. Dêrneist makke er selsportretten, portretten (benammen fan syn heit, syn mem en syn frou), stillibbens, lânskippen en ynterieurs. Jan Mankes eksposearre al in soad by syn libben en waard tige wurdearre.

Yn it begjin skildere Mankes benammen donkerkleurige fûgels en letter ek in protte ljochte, foaral wite bisten. De keunstsamler Pauwels wie syn mesenas en stjoerde him neist materialen ek faak bysûndere fûgels dy't er skilderje koe.

Syn wurk wurdt skaaimerke troch benammen in bepaalde stilte. Yn 1923 neamt Richard Roland Holst Mankes Hollands meast ferstilde skilder. Dy stilte ûntstiet troch lykwichtige komposysjes en ynbannich kleurgebrûk en in hast net sichtbere pinseelstreek.

Syn wurk waard û.o. tentoansteld yn it Scheringa Museum foar Realisme en no yn it Museum foar Moderne Keunst Arnhim en Museum Belvedêre.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]