Springe nei ynhâld

Age Jouckes

Ut Wikipedy

Age Jouckes (De Knipe?, ±1650 – ?, ?) wie in boer en likepreker by de menistegemeente fan de Grinslanner Alde Flamingen yn De Knipe.

Jouckes waard yn 1687 nei in stimming ûnder de bruorren fanwege 'vreemde opiniën' út de gemeente band. Age Jouckes, dy't de ideeën fan de 'kollegianten' oan blykte te hingjen, foege him doe by de Wetterlânsk menniste gemeente fan It Hearrenfean-De Knipe, dêr't hy yn 1706 noch foar preke. Jouckes is in typysk foarbyld fan it ferfal fan de âlde begjinsels by de strange dopersken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J. H. en oaren, Encyclopedie van Friesland 1953, Age Jouckes.
  • Menn. Encyclopedia III, (Scottdale 1957), 124