Wynmotor De Knipe

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De Wynmotor De Knipe yn 2006

De Wynmotor De Knipe is in poldermole yn it doarp De Knipe yn de gemeente It Hearrenfean. It is in lytse Amerikaanske wynmotor, dy't sawat in heale kilometer súdwestlik fan it doarp oan de Wâldsterdyk stiet. De wynmotor, dy't eigendom is fan in partikulier, stie der yn 2010 ferfallen by. De mole waard yn 2012 fan syn sokkel helle om restaureare te wurden. Yn maaie 2014 is er wer teplak set en is er te berikken fan de Wâldsterdyk ôf, oer in brêchje.

De mole is funksjoneel en pompt wetter rûn yn in ticht sleatesirkwy.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]