Tjerk Bottema

Ut Wikipedy

Tjerk Bottema (Boppeknipe, 4 maart 1882 - op see tusken Bordeaux-Ingelân, 21 juny 1940) wie in skilder en grafikus.

Tjerk Bottema yn 1927
troch Kasimir Zieleniewski

Hy wie de twa jier âldere broer fan de skilder Tjeerd Bottema en soe eins it ûnderwiis yn gean, mar folge in oplieding oan de Skoalle foar Keunstnijverheid. Dêrnei gie er nei de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam en noch letter nei de Ryksakademy foar Skoandere Keunsten yn Antwerpen. Hy hat yn Dútslân wurke as dekoratyf figuerskilder en litograaf fan affysjes (Berlyn). Hy wie ek etser.

Yn Skoarl (NH) skildere er lânskippen en portretten. Bekend is hy ek as polityk tekener troch syn agressive tekeningen yn tige persoanlike styl yn 'De Notenkraker'.

Yn 1920 festige er him yn Parys en liet in hûs sette yn it foarstêdsje Cachan. Hy tekene en skildere dêr stedsgesichten en lânskippen. Hy eksposearre yn Parys reissketsen en skilderijen út Grikelân, Spanje, Noarwegen en Laplân. Represintative wurken fan syn hân binne om 1959 hinne oan it Frysk Museum skonken.

Tjerk Bottema ferliet Parys doe't de Dútsers de stêd benei kamen. Hy stoar op 21 juny 1940 gie er mei syn freon Hendrik Marsman en de frou oan board fan de SS Berenice yn Bordeaux. Deselde deis noch waard it skip op wei nei Falmouth yn Ingelân yn It Kanaal torpedearre.

Op It Hearrenfean is yn 1962 de Bottemastrjitte nei him neamd.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: