Boarnstee

Ut Wikipedy

Boarnstee is in útwreidingswyk oan de eastkant fan Akkrum by Nes, oanlein ein 20e iuw. De measte fan de 360 wenningen lizze oan it wetter.

De Boarn is hjir omlein, oan de noardkant leit it Leppe Akwadukt oer de fjouwerbaansdyk A32. De Boarn rûn eartiids lâns de wettertoer fan Nes, fia de Sylsbrêge en dan nei it noarden. Dêr leit no in daam, en fierderop is de Boarn hielendal tichtsmiten.