Springe nei ynhâld

Jan Lindeman

Ut Wikipedy
Jan Lindeman
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 11 maart 1863
berteplak Akkrum
stoarn 6 april 1936
stjerplak Snits
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
aktyf as Underwizer, oargelist, komponist
reden
  bekendheid
Muzyk by it liet It Heitelân

Jan Lindeman (Akkrum, 11 maart 1863 - Snits, 6 april 1936) wie in haadûnderwizer, oargelist fan de Minnistetsjerke yn Snits, muzyklearaar en klokkenist yn de Gemeente Snits.

Jan Lindeman waard berne yn Akkrum as soan fan in muzykûnderwizer. Hy helle syn ûnderwiisakte en rillegau dêrnei waard er ûnderwizer oan in skoalle yn Snits. Hy boaske yn Utingeradiel op 14 maaie 1886 mei Sietske Annes Wieling; it pear krige fiif bern: Otto, Wijbe Anne, Anne, Jeltje Minke en Piet.

Lindeman hat syn hiele arbeidsume libben yn Snits wurke, earst as ûnderwizer oan de tariedende klasse fan de Ryksnormaallessen en letter as oargelist by de doperske gemeente. Hy wie fan 1890 oant yn 1924 klokkenist fan de Gemeente Snits oant it kariljon opheft waard, lieder fan sjong- en muzykferieningen en wie njonken dat noch sekretaris fan Keaphannel yn Snits.

Jan wie in musikus mei behoarlik talint dat er fan syn heit hie. Oars as syn heit, dy't in betûft muzikant wie, koe er ek komponearje. Jan stie bekend as in fleurich, freonlik en optimistysk minske wêrtroch't er frijwat oansjen yn de stêd wûn.

In kar:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: