Springe nei ynhâld

Adam Ruurds de Boer

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Adam Hurdrider)
Adam Ruurds de Boer
Reedrider
persoanlike bysûnderheden
echte namme Adam Ruurds de Boer
bertedatum 1721
berteplak Akkrum
stjerdatum 1800
stjerplak Dearsum

</noinclude> Adam Ruurds de Boer, better bekend ûnder syn bynamme Adam Hurdridder (Akkrum, 1721 - Dearsum, 1800) wie in ferneamd hurdrider.

Adam Ruurds de Boer is yn 1721 berne yn Akkrum, as soan fan Ruurd Arriens en Dirckie Adams Slotje. Op 18 april 1749 is er yn Aldeboarn boaske mei Jeltje Everts Ecoma, en 22 septimber 1749 krige it pear in famke, Durkje. Nei't de heit fan Jeltje, Evert Jelles Ecoma, yn 1750 ferstoar kaam it gesin op Ecoma-state yn Aldeboarn te wenjen. De twa krigen noch in twadde bêrn, mar Jeltsje ferstoar yn 1754.

Op 29 juny 1755 boaske Adam mei Jeltje Hotzes, en doe't de famylje Ecoma him yn 1757 de hier opsei ferfear de húshâlding nei in pleats by Dearsum. Adam en Jeltje krigen tegearre yn elts gefal noch tsien bern, mooglik mear. Adam Hurdrider hat syn fierdere libben op dy pleats wenne, oant er yn 1800 ferstoar. Yn syn bertedoarp is in strjitte nei him ferneamd.

Adam wie sa fermaard as hurdrider dat er de haadfiguer yn ferskate ferhalen wurden is. Under oaren binne der ferhalen oer syn reedriidtochten, dêr't er sa hurd by gong dat net ien by oanheakje koe, en oer it hurdriden op de koartebaan. Der is net in soad bekend oer wedstryden út die tiid, mar de ferneamde wedstriid yn Grins, dêr't er Fryslâns eare ophold tsjin in Grinzer pottebakkersfeint, koe yn 1748 west hawwe.

Fierders binne der ferhalen oer de sprongen dy't er op it iis meitsje koe. It ferneamste fan dy ferhalen is grif dat er ris by Aldskou oer it soal, it wjekke dat it fear iepen hold, hinne sprong, wat 22 foet west hawwe moat. It hat dat ferhaal west dêr't it sprekwurd Dat is gjin bean wurdich, sei Adam, en hy sprong oer it soal. út fuortkaam is. Of Adam hurdrider wier 22 foet springe koe is net wis, mar yn 1745, doe't Adam noch yn Akkrum wenne, skreau in Vegilin van Claerbergen yn syn deiboek dat er in boer by de Leppedyk by Akkrum sjoen hie dy't op it iis 10, 12 en mear foet fier springe koe.