Springe nei ynhâld

Jan Kleefstra

Ut Wikipedy

Jan Kleefstra (Akkrum, 11 septimber 1964) is in Fryske dichter. Mei syn broer Romke Kleefstra makket hy muzyk. Syn wurk is meast yn it Nederlânsk, mar hy dichtet ek yn it Frysk.

Yn de dûbelbondel Uit het lege midden dielt fûgeltsjeman Kleefstra yn 2011 syn leafde foar de natoer mei de Súd-Afrikaanske skriuwer Floris Brown (1948). Kleefstra beljochtet as fûgeltsjeman De Lege Midden by Akkrum en Aldeboarn, wylst Brown it hat oer de ûnferskilligens foar de eigen omjouwing fan minsken.[1] Yn 2008 ferskynde syn Frysktalich debút Fragminten.

Kleefstra debutearre yn 2014 mei de bondel Melk druppen. Dy bondel wie opdield yn fjouwer haadstikken: Wintervelden, Voortdraven, Winterzee en Voortschrijven. As fjildman skriuwt Kleefstra gauris oer it gea en de fûgels. Hy stelt de minsk gauris foar de natoer oer. De oerweldigjende oanwêzigens fan de natioer en de efterútgong fan it lânskip spilet in grutte rol. Yn syn twadde bondel Raaf verwantschap is de raaf de haadpersoan as boadskipper fan in tsjustere ûnbekende wrâld. Een mistval om het rumoer dat oardel jier letter ferskynt, is wer opdield yn haadstikken: Winterochtendnevel, De wind wakker, Een mistval om het rumoer, De stille berk en Waadlicht. De fjirde bondel Windtoon út 2019 hat in grut ferskaat oan ûnderwerpen, fan de wyn yn de moarntiid, oerlûkende guozzen oant bloeiende blommen op in plak dêr't nimmen komt, en keuveljende raven.[2]

Leafst kombinearret Jan Kleefstra syn fersen mei muzyk. Sa makke er mei Mariska Baars, Rutger Zuydervelt en syn broer Romke Kleefstra it album Piiptsjilling. Mei syn broer Romke dielt er de leafde foar de natoer en de frijheid.[3] Yn optredens mei syn broer begeliedt er himsels mei elektroanyske lûden dêr't de eleminten wyn, wetter en loft trochhinne spylje. Geregeldwei sykje se gearwurking mei ynternasjonale muzikanten dy't frije ymprovisaasjes en undergroud spylje. It late ta optredens yn Dútslân, Poalen, Ingelân en Japan en ta muzykdragers mei basklarinettist Gareth Davis en de groep God’s Eye út Oklahoma. Kleefstra wurke ek mei oan optredens fan Sytze Pruiksma.

Yn 2018 begûn er mei it projekt Fean oer de teloargong fan it lânskip. Hy siket dêrom ynternasjonale kontakten om it effekt fan it brûken fan de grûn op feangreidegebieten en de ynfloed op lânskip en minsken te dielen. It gefolch fan ekonomyske ûntjouwings is universeel en Kleefstra besiket soks oer te bringen yn de foarm fan poëzij en muzyk.[4]

Yn blomlêzings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Giftige simmer (2009)
  • Inkijk, interieurs in de Hollanderwijk (2009)
  • Haarlemse Dichtlijn (2008)
  • 7e Regenboog, Breedevallei Dichters (2008)
  • Openbare Bibliotheek Amsterdam (2007)
  • Mengelwerk Drentse open 2007
  • Schoonheid, Hernehim (2007)
  • Dichters in de Prinsentuin (2006)
  • Kastanjegedichten (2006)
  • Uit het lege midden & Sing vir my, yn de mande mei de Súd-Afrikaanske dichter Floris Brown; Friese Pers Boekerij/Noordboek (2011) ISBN 9789033009853
  • Tsjinlûd, muzyk/poëzij/byldzjende keunst; in poadiumproduksje mei Romke Kleefstra, Elmar Kuiper en Johan van Aken (2007)
  • Tongerswel (cd mei Fryske gedichten, mei Nederlânske en Ingelske oersettings, 2010)
  • Wink (2009)
  • Piiptsjilling (teksten by cd, 2008)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Literêr Nederlân
  2. poëzij-lêstafel
  3. Jan en Romke Kleefstra yn K-rûte, Omrop Fryslân, 12 oktober 2009
  4. Fryslân DOK, Omrop Fryslân, 9 maart 2019