Christiaan Kuitwaard

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Christiaan Kuitwaard
Art-1300258.svg keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Christiaan Kuitwaard
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 9 jannewaris 1965
berteplak Snits
wurkpaad
jierren aktyf sûnt 1997
offisjele webside
www.christiaankuitwaard.nl

Christiaan Kuitwaard (Snits, 9 jannewaris 1965) is in Nederlânsk learaar en keunstner út Aldeberkeap. Kuitwaard Op syn sechttjinde oant syn tweintichste wie hy beropsmilitêr by de Keninklike Marine. Yn 1985 en 1986 folge hy in keunstnersoplieding oan de Akademy Minerva yn Grins en oan de keunstakademy Constantijn Huygens yn Kampen. Sûnt 1997 jout er les yn Kreativiteitssintrum It Hearrenfean (de Cirkel, A7, Ateliers Majeur). Yn 2015 ûntfong er de Hannie Mein Keunstpriis.

Yn syn skilderijen, tekeningen en akwarellen ûndersiket hy benammen de wurking fan ljocht en skaad. De sjenres binne konseptueel, mar ek figuratyf of abstrakt. By syn skilderjen tinkt er yn trijen: wyt (ljocht), swart (dûnker) en it griis dat dêr tusken sit. De ekspresje bart benammen troch weilitten, want skilderjen is relativearjen. Faak binne it ferstille objekten en ferstille lânskippen lykas kontoeren fan beamstammen by yn de bosk wyls de foar- en eftergrûn yn elkoar oergean.[1] It binne faak de ienfâldige dingen dy't by skilderjen ferwûndering en ferstilling oproppe. Kuitwaard wurket gear mei dichters as Eeltsje Hettinga en Jan Kleefstra. Mei Jan Kleefstra wurket hy oan in boek oer it Fryske lânskip.[2]


White paintings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al sûnt 2011 makket Kuitwaard alle wiken in White Box Painting. Foar in grut finster fan syn atelier yn Aldeberkeap set er in selsmakke wytfarve kistke dêr't de boppe- en foarkant fan iepenlitten binne. Yn it kistke set er in foarwerp (bygelyks in tûke, in dea fûgeltsje, in hoed of wat oars. Dy foarwerpen binne ek wyt skildere om de ultime stilte op te roppen. Fan dy komposysje makket er dan in oaljeferveskilderij fan 28 by 20 sm.[3] De earste rige fan dy skilderijen waard yn 2014 eksposearre. Yn 2019 folge de eksposysje 128 White Box Paintings yn Museum More yn Gorssel dy't ek yn boekfoarm ferskynde[4].

Eksposysjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Solo[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2019 - Schilder van de stilte, oersjochtentoanstelling - Galery Vis, Harns
  • 2017 - Licht en stilte - museum Belvedêre
  • 2008 - Kester + Bles (Londen)
  • 2006 - galery Frank Welkenhoven & Steven Sterk (Utert)
  • 2006 - galary Iewâl (Ljouwert)

Groepseksposysje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2019 - 128 White Box Paintings, tagelyk mei wurk fan de Britske skilder Euan Uglo; Museum More, Gorssel
  • 2006 - Wehe den Hoorn, Galery Wijk
  • 2005 - Karmelkleaster (Drachten)

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Gijsbert van der Wal - Christiaan Kuitwaard, licht en stilte, in oersjoch fan syn wurk; (2017) ISBN 9789071139284

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Melklokaal oer it wurk fan CK
  2. Ljouwerter Krante, 17 febrewaris 2019
  3. Oer de white paintings
  4. Christiaan Kuitwaard schildert de stilte maar ook beklemming; Frysk Deiblêd, 29 maaie 2019