Romke Kleefstra
Romke Kleefstra (Akkrum, 28 july 1972) is in Fryske muzikant dy't yn 2019 spilet yn Piiptsjilling, Transtilla, The Alvaret Ensemble en Tsjinlûd. Ek is hy fjildûndersiker, redakteur en koördinator fûgeltellings by Sovon Vogelonderzoek Nederland.[1]
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Romke Kleefstra wie fan 1992 oant 2007 sjonger en songwriter yn de indiebands Shatterhole (1992-1995), Seascape Painters (1995-2000) en Polaroyd (2003-2007) [2]. Yn 2008 rjochte Kleefstra Piiptsjilling op mei syn broer Jan Kleefstra (dichter), Rutger Zuydervelt (Machinefabriek) en Mariska Baars (Soccer Committee). Sûnttiids hat er in soad gearwurkings en projekten dien mei syn broer, wêryn't syn muzyk eleminten hie fan ambient, post-rock, minimalisme, drone, moderne klassike muzyk oant en mei frije ymprovisaasje-jazz. Nei it útbringen fan it earste album fan Piiptsjilling yn 2008 folge in rige CD's, LP's, DVD's en kassettes op labels s Experimedia, Hybernate, Home Normal, Spekk, Low Point, Monotype, Denovali, Midira en Tombed Visions. Mei Anne-Chris Bakker foarmt Kleefstra de groep Transtilla [3].
As lid fan Piiptsjilling wie Kleefstra mei ferantwurdlik foar it film- en muzykprojekt Seeljocht foar it Into The Great Wide Open festival yn 2011 op Flylân, mei Piiptsjilling, Peter en Heather Broderick, Nils Frahm en Greg Haines. It projekt waard opfolge troch it heal-Yslânske projekt Skeylja foar it Oerol Festival 2012 (mei The Alvaret Ensemble en Kira Kira, Eríkur Ólafsson, Ingi Erlendsson en Borgar Magnason).[4] Yn 2015 toerde it Fryske kollektyf Tsjinlûd troch Nederlân mei Japanske filmkeunstners fan it + Project út Tokio.[5][6] Yn 2016 diene de Kleefstra's itselde mei in soartgelikens projekt mei de namme Ljerke, mei ynbegryp fan de Noarske muzikanten Alexander Rishaug, Hilde Marie Holsen en Michael Duch.[7] Yn 2018 wurke Piiptsjilling gear mei Sylvain Chaveau, Joacim Badenhorst en Annelies Monseré yn it projekt Fean.[8] Fisuele keunstners dy't gearwurken yn projekten mei de Kleefstra's binne 33one3rd, Haraldur Karlsson, Kei Shichiri, Marco Douma, Rei Hayama, Sabine Bürger, Shinkan Tamaki en Takashi Makino.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Shatterhole
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Mental Paradox (kassette, Bogmen Inc., 1993)
- Swell Life (kassette, Bogmen Inc., 1994)
Seascape Painters
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Seascape Painters (cd ep, Homebase Records, 1996)
- Polder EP (kassette, Craneland Music, 1998)
Polaroyd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Thaw (3 "cd, eigen útjefte, 2003)
- Underworld (3 "cd, eigen útjefte, 2003)
Piiptsjilling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Piiptsjilling (cd, Onomatopee, 2008)
- Wurdskrieme (lp/cd, Experimedia, 2010)
- Molkedrippen (cd, Spekk, 2014)
- Moarntiids (cd, Midira, 2014)
- Slieperswaar (3 "live-cd, eigen útjefte, 2015)
- Kjeld (3 "live-cd, eigen útjefte, 2017)
- Fiif (cd, Peter Foolen Editions, 2017)
Kleefstra | Bakker | Kleefstra
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wink (cd, Appollolaan, 2009)
- Griis (lp, Low Point, 2012)
- Nacht en Dei (DVD, eigen behear, 2012)
- Live maart 2012 (kassette, Northern Twilights, 2012)
- Sinne op 'e Wangen (DVD, Galery Vayhinger, 2014)
- Dage (kassette, Low Point, 2016)
- Desimber (kassette, Tombed Visions, 2016)
- Dize (cd, Midira Records, 2017)
Gareth Davis, Jan Kleefstra, Romke Kleefstra
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sieleslyk (3 cd, Rural Colors, 2011)
- Tongerswel (cd, Home Normal, 2011)
Kleefstra | Pruiksma | Kleefstra
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Deislieper (cd, Hibernate, 2011)
Kleefstra | Pruiksma | Kuitwaard | Kleefstra
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sinneplakken (cd, Time Released Sound, 2012)
The Alvaret Ensemble
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- The Alvaret Ensemble (2lp / 2 cd, Denovali, 2012)
- Skeylja (lp / cd, Denovali, 2014)
- Ea (2lp/cd, Laaps, 2020)
CMKK
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- GAU (cd, Monotype, 2013)
Tsjinlûd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Tsjinlûd (boek + cd, eigen behear, 2016)
Ljerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ljerke (cd, Eilean Records, 2018)
Fean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fean (cd, Moving Furniture Records, 2018)
- Fean II (lp/cd, Laaps, 2020)
Kleefstra Bros
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Goeshoes (download, eigen behear, 2018)
Transtilla
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Transtilla I (cd, Opa Loka Records, 2019)
- Transtilla II (cd, Midira Records, 2019)
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- That It Stays Winter Forever (cd, White Box, 2010), mei Kleefstra | Bakker | Kleefstra
- Mort Aux Vaches (cd, Staalplaat, 2011), mei Kleefstra | Bakker | Kleefstra
- Seeljocht (cd, Into The Great Wide Open, 2011), mei Piiptsjilling
- Elements IV (5 cd, Home Normal, 2014), mei Piiptsjilling
- Stay Tuned (cd, Baskaru, 2014)
- Past verdwijnt (download, Dronarivm, 2014) mei Piiptsjilling
- Moving Noises II (download, Midira, 2015), mei Piiptsjilling
- Into The White (download, Dronarivm, 2016), mei Kleefstra | Bakker | Kleefstra
- Eilean 92 (cd, Eilean Records, 2018), mei Ljerke
Projekten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Seeljocht; artist in residence foar Into The Great Wide Open Festival 2011 (Flylân), ek op it Explore The North Festival yn Ljouwert en Le Guess Who? ym Utert
- Skeylja; artist in residence foar it Oerol Festival op Skylge
- Duif, film fan Dinanda Luttikhedde en muzykprojekt mei de Kleefstra's en Mike Kramer, foar Cultura Nova Festival (Heerlen) en Noorderzon Performing Arts Festival (Grins), ek op Explore The North Festival (Ljouwert)
- Klanklânskippen Japan; toer film- en muzykprojekt, ek op Noardlik Film Festival (Ljouwert)
- Ljerke; toerproject en muzykprojekt, ek op Le Guess Who? Festival (Utert en Noardlik Film Festival yn Ljouwert)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|