Piiptsjilling (band)
Piiptsjilling | ||
band | ||
Byldmateriaal ûntbrekt | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Frysk, Nederlânsk | |
sjenre | Pop | |
bestean | 2008 - No | |
leden | ||
Jan Kleefstra | ||
Romke Kleefstra | ||
Rutger Zuydervelt | ||
Mariska Baars |
Piiptsjilling is in band út Akkrum. De groep bestiet út de bruorren Jan Kleefstra en Romke Kleefstra, Rutger Zuydervelt en Mariska Baars.
Gitarist en fûgelûndersiker Romke (1972), spile jierren lyn yn bands as Shatterhole, Seascape Painters en Polaroyd. Aldere broer Jan lies eigen poëzy foar en Romke makke der muzyk by. In nij projekt foar harren wie in studio-opname mei Machinefabriek (in projekt fan Rutger Zuydervelt) en Mariska Baars yn 2008. Se neamden de opname fan in heal oere Piiptsjilling. Dat waard ek de namme fan it kwartet. Nei it titelleaze debút út 2008 folgen noch trije albums op bûtenlânske platelabels. Ek wie Piiptsjilling artist-in-residence yn it Seeljocht-projekt foar Into The Great Wide Open, wêr't Piiptsjilling befreone musikanten yn beluts, lykas Peter Broderick, Heather Broderick, Nils Frahm en Greg Haines. Mei Rutger Zuydervelt makken de Kleefstra's ûnder de namme CMKK ek noch de cd 'Gau', ferneamd nei it Fryske doarp wêr't de measte studio-opnames makke wurde, en mei Amerikaanske musikant Celer (Will Long) as fierde lid.
Yn de gedichten fan Jan spilet de natoer in grutte rol. Hy joech yn eigen behear twa Nederlânsktalige bondels út en it Fryske: Fragminten dat troch De Friese Pers útjûn waard. It Frysk komt harren bytiden hast te ticht oan it gefoel en se kieze dêrom faak foar it Nederlânsk. De wurden binne eins mear poëzij as liettekst. Dit komt benammen troch foardracht, klank en timing mei de muzyk harren (kwetsbere) gefoel útdrukke.
Neist Piiptsjilling binne de bruorren ûnder oare warber yn The Alvaret Ensmbele, Kleefstra|Bakker|Kleefstra, CMKK en Tsjinlûd.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Piiptjsilling (2008, Onomatopee)
- Wurdskrieme, ek op finyl (2010, Experimedia)
- Seeljocht (2011, Into The Great Wide Open)
- Molkdrippen (2014, Spekk)
- Moarntiids (2014, Midira Records)
- Slieperswaar (2015, eigen útjêfte)
- Gau (2013, as CMKK, Monotype Records)
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fragminten (Friese Pers )