Springe nei ynhâld

Thommy de Boer

Ut Wikipedy

Thommy de Boer (Akkrum, 30 jannewaris 1917 – ?, nei 1949) wie in hurdfytser.

Op 10 septimber 1933 ried er syn earste wedstriid op de baan fan Snits. Hy wie doe al nei Harns ferhuze wie. Yn de ôffalwedstriid waard hy njoggende en lêste. Op Keninginnedei 31 augustus 1934 wûn earst in wedstriid op tranportfytsen. In dei letter wûn er syn earste echte wedstriid op it sportterrein fan Harns: earste (mei de Harnzer IJ. Alkema) yn in keppelwedstriid.

Yn 1935 waard Thommy de Boer lid fan de 'Ren- en Toeristenvereeniging Leeuwarden'. Grut súkses helle er yn de 6 x 1 oere keppelwedstriid fan 1 o/m 5 juny 1937 op de fytsbaan fan Ljouwert mei keppelgenoat Gerrit Boeyen út Oss. Yn de seis oeren waard mar leafst 256,8 km ôflein. Yn 1938 waard De Boer kampioen fan Noard-Nederlân op de dyk yn Musselkanaal. Tj. Jager fan Stienwikerwâld (2e) en Pieter Pijper (3e) út Winschoten wienen gjin partij foar Thommy.

Healwei 1940 waard der fanwegen de oarloch net fytst, mar yn 1946 gie er wer los. De oerwinning yn de Acht fan Boalsert (1947), in belangrike wedstriid foar amateurs en nijelingen, foar de Amsterdammer H. Schuiten en J. Edwards út it Ingelske Norwich, joech opsjoch. De edysje fan 1948 wûn er fannijs, mar omdat er earder foar jild riden hie waard De Boer oanmerkt as beropsfytser en waard syn sege net erkend.

Ein 1949 stoppe Thommy de Boer mei hurdfytsen. Dêrnei wie er noch in skoft sjuerylid.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: