Leppe Akwadukt
Appearance
(Trochferwiisd fan Leppe-akwadukt)
It Leppe Akwadukt (offisjeel Fryske namme) is in akwadukt tusken Nes en Akkrum, dêr't De Boarn by oer de A32 hinne giet.
It wie net mooglik om de Boarn dêrby ûnferoare te litten, om't it akwadukt dan te ticht op it fiadukt fan de N392 lizze soe. Dêrom hat De Boarn hjir in nije lus krigen, sadat it akwadukt wat noardliker leit. Foardiel wie boppedat, dat earst it akwadukt "drûch" boud wurde koe en De Boarn letter omgroeven is. De bou begûn yn 1993 en it akwadukt waard iepensteld foar ferkear yn 1997.