De Kromme Knilles
De Kromme Knilles is in shantykoar út Akkrum. It koar is oprjochte op 6 novimber 1997. De mear as 20 ‘sjongers’ bringe shantys en seemanslieten ûnder lieding fan Piet van den Broeck en wurde begelaat mei akkordeon en lûkharmoanika troch Teake Gras, Sieta Heida, Joke Arends en Jose Jonker.
It koar is neamd nei ien fan de reuzen (de oare wie Manke Meine) dêr't Akkrum syn ûntstean oan te tankjen hat. It krûme wetter tusken Akkrum en it Prinses Margrietkanaal: De Kromme Knilles.
Yn Akkrum trede de ‘sjongers’ jierliks by de Shantydei op, de earste sneon fan septimber. Mar ek op 'Boot Holland' yn Ljouwert foar de bewenners fan Ielannen yn Snits en dy fan Leppehiem. Se wienen ek by it ûntbleatsjen fan ‘de lampekape’ en fan it reuzebyld by Simmer 2000.Der wienen ek optredens op de Fryske Stjerrejûn en it bekende telefyzjeprogram De Wereld Draait Door. It koar brûkt kafee Kromme Knilles ( earder kafee Rorije ) as oefenromte.
By it tsienjierrich bestean ferskynde de CD Home from Sea (2007).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |