Coopersburg
Coopersburg is in tehûs foar 44 âlden fan dagen oan de Ljouwerter Strjitwei yn Akkrum. It tehús waard op 8 maaie 1901 stiften troch Folkert Harmens Kuipers, letter liet er him Frank H. Cooper neame. It hûs wie in ûntwerp fan gemeente-arsjitekt Folkert Hoekstra. Nei 1970 kamen ek minsken allinnich yn oanmerking foar in húske yn Coopersburg.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1866 emigrearre de jonge ûndernimmende Folkert Harmens Kuipers (23 jier âld) út Akkrum wei nei de Feriene Steaten fan Amearika. By syn earste omswalkingen kaam er yn stêden as Buffalo en Chicago, dêr't er in ûndernimming begûn. Hy bedarre op 't lêst yn New Yorkotte yn New York, wêr't er tegearre mei in kompanjon in grut warehûs oprjochte dat noch altyd bestiet, fergelykber mei Harrods of La Fayette. Op dit gebou liet hy in fjoertoer sette, dy't jûns en nachts syn ljochtbondel oer New York skine liet om dit warehûs yn de belangstelling te setten. Yn lettere jierren is dizze fjoertoer weihelle troch oare ûndernimmers.
Regintekeamer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it sintrale gedielte fan Coopersburg sit ek de Regintekeamer. Yn de keamer hinget in skilderij fan it grutte warehûs fan F.H. Cooper (Kuipers) en Ziegler yn New York. It skilderij is oan de binnenkant fan it glês skildere en frijwat fersliten en ferware troch âlderdom. In de Regintekeamer stiet op in taffeltsje wat antyk skriuwerij-ark.
Oer Folkert Harmens Kuipers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy waard in begoedige sakeman, mar kaam dochs alle jierren werom nei syn bertedoarp om by syn âlden oan te gean. Hy wie rekke troch de earmoede fan de âlderein dy’t er om him hinne seach, en rjochte in stifting op. Dy stifting hie as doel om earmelju ûnderdak en fersoarging te jaan yn in fersoargingstehûs dat yn 1900 klear wie en de namme fan de woldogger krige: Coopersburg. Kuipers hie him nammentlik yn Amearika omdope litten yn Frank H. Cooper. De âldere bewenners krigen sels alle wiken bûsjild, in unikum yn dy tiid.
Mausoleum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Efter en njonken Coopersburg is in mausoleum yn âlde steat, wêryn't de beide lichems fan Kuipers en syn frou byset binne. Op de sydmuorren fan it mausoleum binne twa moarmeren platen oanbrocht mei de teksten:
Alle minsken binn’ myn broerren!
’t Grootste geluk in deze wereld
Is weggelegd voor hen die anderen’
Trachten gelukkig te maken
en:
Gezegend blijve beider aandenken
En gezegend den Stichting Coopersburg
So lang de wyn waeit
De hoanne kraeit
It gers groeit
En de beam bloeit
Tige tafallich is dat se beide op 31 desimber ferstoarn binne, al is it net yn itselde jier. Boppe de yngong fan it mausoleum steane de byldnissen fan Kuipers en syn frou Antoinetta Gerardina de Graaff, berne op 8 novimber 1846 yn Middelburg.
Tún
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wenten fan Coopersburg stean yn in park mei in karperfiver. In soad Akkrumers tinke noch faak oan de tiid werom doe’t in soad pearkes op de bankjes yn prieeltsjes yn it park sieten.Der stiet ek in tige spesjale sinnewizer. De tiden binne ôf te lêzen troch de sinnestrielen en de hoeken fan dizze sinnewizer.
Bylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Byltnis fan Kuipers en syn frou boppe it mausoleum
-
Middenstik Coopersburg
-
Warehûs Folkert Harmen Kuipers op skilderij yn Coopersburg
-
Sinnewizer yn de tún fan Coopersburg