Muzykferiening De Harmony

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Muzykferiening De Harmony waard oprjochte op 13 septimber 1908 yn Akkrum. It korps bestiet út in fanfare, in miksorkest en in harmonykapel.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It destiids noch fanfareorkest krige troch in ynsamling troch de befolking f 100,- om muzykynstruminten te keapjen. Yn it eartsoan wurdt repeteard op de boppeseal fan hotel Fortuin oan de Kleef, letter by Sânwâlden oan de Buorren. Nei 45 jier wurdt oergien nei de boppeseal hotel Goerres en letter boppeseal fan kafee Jager (no kafee Kromme Knilles). Letter wurdt oefene yn de kantine fan de Mafû oan de Ombocht in Akkrum. De lêste jierren binne de repetysjes yn fersoargingshûs Leppehiem. De lieding fan Wijga giet nei Anne Franciscus Sperling om hegerop te kommen. Nei tolve jier wurdt op it iepenloftkonkoers yn Sint Anne in earste priis helle. Nei meardere súksessen komt it Akkrumer korps út yn de klasse Uitmuntendheid.

Ein tweintiger jierren ûntstiet lykwols spul en dirigint Sterling krijt dien. Under syn opfolger Bouke de Jong fan Huzum wurdt in earste priis helle yn in twadeisk konkoers yn Easterwâlde. It bûnskonkoers yn Drachten wurdt wûn wat promoasje nei de ôfdieling Super Eare Ofdieling betsjut. De jierlikse útfiering yn Akkrum yn 1944 wurdt 4 x opfierd. Nei de befrijiing wurdt ta eare fan de kanadeeske befrijers in iepenloftkonsert jûn. Yn 1946 komt in primeur: de earste 2 froulju komme by it korps. Nei súksessen folget yn 1952 in optreden foar de VARA-radio. Yn 1958 fierde Akkrum fjouwer dagen lang feest ta gelegenheid fan de jubilearjende fanfare. It doarp wurdt fersierd en der komt in revu "Wêr bliuwt de tiid", skreaun troch Metten Bakker.

Santiger jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ein sechtiger jierren is it nivo noch altyd heech, mar it tal leden bliuwt wat efter. In oprop yn “It Klaverblêd” levert net folle op, mar mei in inisjatyf fan frou Vellinga en ûnder lieding fan Harm Witteveen de dirigint komme der mear leden. Harmony Akkrum krijt troch de geweldige resultaten in útnûging foar it Topkonkors fan de Keninklike Nederlânske Federaasje foar Muzykselskippen op 1 april 1978 yn Eindhoven. Der rydt in spesjale trein dy't alle korpsen mei oanhing ferfier en komt mei de earste priis werom. Nei it Topkonkonkoers komme in soad konserten dy't organisearre wurde troch Stichting Sport Real Akkrum. Earst yn in feesttinte en letter de fabrykshallen fan UTD. Mei Willy Caron, Marco Bakker, Mastreechter Staar, Maywood, Cristina Deutekom makket it korps in soad namme. Yn 1986 wurde de ferneamde pianist Louis van Dijk en sjongster Margriet Eshuijs kontraktearre. Mini en Maxi folgje yn 1993 en it fameuze Kremlin Kapella komt út Ruslân wei nei it UTD Fabryk.

Yn 1999 fertrekt Harm Witteveen as dirigent. Jan de Lange, Durk Krol en Piebe Bakker nimme koart it stokje oer oant de komst fan dirigint Michiel Sybesma yn 2000. Om mear jeugd te lûken krije alle Akkrumer skoalbern de kâns om in ynstrumint te bespyljen en komt der wer in Jeugdorkest. Neist it jeugd A-orkest, mei 45 leden, komt er nu ook een B-(eloften) orkest.

Hûndert jier letter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2008 wurdt it 100-jierrich bestean fierd yn de sporthal Utingeradiel. Yn gearwurking mei it Akkrumer Grut Koar en Rients Gratama komt der in grutte útfiering. Op palmsnein rint fanfare Harmony wer foarop. It jier wurdt ôfsluten mei in grut optreden mei Ernst Daniel Smid en Linda Naaykens. Yn febrewaris 2010 jout de Harmony in Grut Konsert mei Cor Bakker en Denise Rivera yn in útferkochte Utingeradielhal. Om Peaske hinne folgje noch twa útfierings fan in konsert mei koar Euphonia dêr't de Harmony de koralen fan de Matthaus Passion fan Bach dy't foar dizze gelegenheid spesjaal arrangearre binne foar de fanfare. Dêrnei nimt Johannes Reijenga it stokje fan Michiel Sybesma oer.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: