Tusken de Marren
Appearance
Tusken de Marren is in jachthaven, boateferhier en camping oan de Meinesleat yn Akkrum. It park leit oan de westkant fan Akkrum. Ein desimber 2009 waard begûn mei it ôfbrekken fan de lêste âlde steigers yn de haven oan de Ulbe Twijnstrawei. Begjin 2010 waard de earste faze oplevere en waarden der 14 ferbliuwen op setten ynstee fan de steanplakken foar tinten en karavans.