Andries Kramer (It Hearrenfean?, 29 febrewaris1972) is in earder koartebaanrider. Hy wûn ien gouden, twa sulveren en twa brûnzen medaljes op it NK Ofstannen. Letter waar Kramer projektmanager by in yndustriële automatisearder.
Kramer wie mearfâldich Nederlânsk kampioen op de koartebaan. Yn 1998 kaam der in hommels ein oan syn karrière, doe't er by in trening hurd foel neidat hy troch in fallen hurdrider ûnderút gie. Kramer lei mear as in wike yn koma troch de skedelbasisfraktuer, bliedings en kniezings yn de harsens. Hoewol't hy nei in skoft better waard, siet in nije topsportkarriêre der net mear yn. Hy waard letter trener en wie yn it programma Holland Sport te sjen.