Springe nei ynhâld

Ankie van der Meer

Ut Wikipedy
Ankie van der Meer
sjonger en/of muzikant
Nanne en Ankie
Nanne en Ankie
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 17 april 1959
berteplak Akkrum
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjongtaal Nederlânsk, Frysk, Esperanto
ynstrumint sjonger, gitaar
offisjele webside
Webstee fan Nanne en Ankie

Ankie van der Meer (Akkrum, 7 april 1959) is in Fryske sjongster út Gytsjerk. Se is leraresse Frânsk en Ingelsk oan it Friesland College yn Ljouwert.

Ankie is de twillingsuster fan Didi van der Meer (PvdA-riedslid yn Tytsjerksteradiel), groeide op yn Akkrum en ferhuze op har fyftjinde nei Hurdegaryp.
Se spile mei Nanne Kalma yn Irolt. Nei in toernee yn Hongarije, dêr't se gjin oankundigingen dwaan koene yn Frânsk, Dútsk, Ingelsk, Nederlânsk of Frysk, dat Ankie begûn mei it learen fan it Esperanto. Nei it ôfskiedskonsert fan Irolt freget se Nanne, hoe't hy it fine soe om muzyk te meitsjen yn it Esperanto. Hy fynt soks tige ynspirearjend en yn 1987 set hy de earste Esperanto-teksten op muzyk. Se freegje Marita Kruijswijk en Marian Nesse om mei te dwaan en sa krijt de groep in twadde namme: Kajto. Omdat it repertwaar fan de groep hieltiten mear in mingfoarm wurdt en se in soad yn it maritime sirkwy spylje, brûke hja ynstee fan De Perelaar ek in oare namme: Kat yn 't Seil. Tegearre mei Marita Kruijswijk en Marian Nesse makke se diel út fan de muzykgroep Froufolk. Fierders sjongt se ek noch yn Ferbean.

Sûnt ein njoggentiger jierren groeit der by Ankie en Nanne ferlet om wer mear mei Fryske teksten te dwaan. Se beslute as duo Nanne & Ankie muzyk te meitsjen, op te treden en om cd's op te nimmen. De ûnderwerpen binne gauris maritym en histoarysk, mar geane ek oer grappige aldendeiske foarfallen. Se meie graach Fryske poezij op muzyk sette.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]