Nanne Kalma
Nanne Kalma (Amersfoart, 15 oktober 1949) is yn de folkmuzyk in multy-ynstrumintalist en komponist. Hy waard grutbrocht yn Ljouwert. Hy die mei oan de groepen Pugh’s Place, Farmers Union, Irolt, De Peerelaar, Kajto, Kat yn ’t Seil, Liereliet en it duo Nanne & Ankie / Nan'n Ankie. Hy is ûnderskieden mei de Fryske Anjer en beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau.
Pugh’s Place
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1964 kaam hy foar it earst yn oanrekking mei de Beatles dy't in soad yndruk op him makken. Hy rjochtet dan syn earste band The Example op mei syn maten Jan van der Heide, Hans Kerkhoven, Jan Ottevanger en George Snijder. Yn de rin fan 1965 begjinne se mei optreden. Under ynfloed fan de psychedelyske ûntwikkelingen yn de popmuzyk wurdt de namme letter feroare yn Pugh's Place. It giet de band foar de wyn. Yn it earstoan spilen se benammen yn Fryslân, mar al gau wurde se frege yn it hiele lân. De muzykstyl ûntwikkelt him ûnder ynfloed fan benammen de Ingelske popmuzyek. Groepen as Spooky Tooth, Traffic en letter benammen Yes wurde grutte foarbylden. De groep wurdt opmurken by de lanlike omroppen en mei Boudewijn de Groot as producer wurde de single 'Nothing Is Real Here' en de lp 'West One' opnommen. Der wurde plannen makke foar in twadde lp, mar yn 1970 moat der in kar makke wurde tusken stúdzje en optreden as beropsband. It blykt eins net mooglik om troch te gean as amateurband. Nei dagenlang oerlis dielt de groep Boudewijn de Groot mei dat de twadde lp der net komt en dat de band stoppet.
Farmers Union
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nanne Kalma wol wat oars, eas mei in leger lûdsfolume. Hy komt in oanrekking mei Piet Kok en Sido Martens, dy't beide mei folkmuzyk dwaande binne. Mei harren en sjongster Liedwien van der Veer begjint hy yn 1972 de folkgroep Farmers Union. As Nanne Kalma kennis nimt fan de Flaamske groep Rum dy't yn it Flaamsk sjongt, beslút hy syn folgjende projekt yn syn eigen taal te dwaan. Farmers Union moat om ferskillende redenen earder stopje as ferwachte. Eigentlik bestiet de band mar in jier.
Irolt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nanne Kalma begjint te ûndersykjen op hokker wize hy yn it Frysk of yn it Nederlânsk wurkje kin. Hy siket tradisjonele Fryske lietsjes dy't yn de styl fan de Ingelske groepen Steeleye Span en Fairport Convention bewurke wurde kinne. Hy fynt dy ferskes net en beslút dêrom dy ferskes sels te meitsjen. Hy freget in tal befreone dichters om teksten foar him te skriuwen. Tegearre mei syn freondinne Inez Timmer makket hy in plan foar in studioprojekt. Mei in oantal freonen meitsje se yn 1975 in folkrock-lp yn it Frysk. De studiogroep neame se Irolt en de plaat hjit 'De Gûdrûn Sêge'. It blykt de earste plaat yn in styl te wêzen yn it Frysk en de útwurking by it publyk is geweldich. Der wurde yn it hiele lân tûzenen eksemplaren fan ferkocht en it stimulearret in soad oaren om ek yn it Frysk te sjongen. Der komme oanfragen om op te treden mei Irolt en sa ûntsteane der yn de rin fan de jierren wikseljende formaasjes om Nanne Kalma en Inez Timmer. Ze nimme yn totaal 7 lp's op.
De Peerelaar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de jierren 80 begjint Inez Timmer mear en mear belangstelling te krijen foar jazz en musicalmuzyk en giet se studearjen oan it konservatorium yn Hilversum. Ein 1985 wurdt Nanne Kalma frege troch Marita Kruijswijk en Marian Nesse om ta te treden ta de folkgroep De Peerelaar. Hy beslút dat te dwaan. Ek oare Irolt-leden geane der dingen by dwaan en it begjint hieltiten lestiger te wurden om repetysjemominten te finen en om optredens oan te nimmen. Nanne Kalma wol net dat Irolt in slomjend bestean lieden giet en stelt út oan de oaren om te stopjen. Sa wurdt yn 1987 op it folkfestival Tsjoch 10 yn Snits het ôfskiedskonsert fan Irolt jûn.
Kajto en Kat yn ’t Seil
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al rillegau wurde nei it ôfskiedsoptreden fan Irolt nije linen sichtber. Ek Ankie van der Meer giet meispyljen yn De Peerelaar. Nei in toernee yn Hongarije, wêr't se gjin oankundigingen dwaan koenen yn Frânsk, Dútsk, Ingelsk, Nederlânsk of Frysk, giet Ankie fan der Meer Esperanto learen. Nei it ôfskiedskonsert fan Irolt freget se Nanne Kalma, hoe't hy it fine soe om muzyk te meitsjen yn it Esperanto. Hy fynt dat tige ynspirearjend en yn 1987 set hy de earste Esperanto-teksten op muzyk. Se freegje Marita Kruijswijk en Marian Nesse om mei te dwaan en sa krijt de groep in twadde namme: Kajto. Omdat it repertoire fan de groep hieltyd mear in mingfoarm wurdt en se in soad yn it maritime sirkwy spylje, gean se ek foar De Peerelaar in oare namme brûken: Kat yn 't Seil.
Earste Esperanto-cd fan de wrâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1989 presintearret Kajto yn Brighton de earste cd yn it Esperanto fan de wrâld. De groep wurdt yn binnen- en bûtenlân frege om spyljen te kommen. Ek Kat yn 't Seil wurdt rûnom frege. Sa reizget en spilet de groep in allerlei lannen, net allinnich yn Jeropa mar ek yn Noard-Amearika, de iene kear as Kajto, de oare kear wer as Kat yn 't Seil.
Liereliet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it Esperanto en yn it Frysk en Nederlânsk komme der fan Kajto en Kat yn ’t Seil yn de rin fan de jierren in protte cd's út, soms yn kombinaasje mei de groep Liereliet. Liereliet is in a-capellagroep, dy't ûntstien is by it lyksa neamde evenemint yn Warkum. Nanne en Ankie binne fêste leden fan dizze groep. Se trede eins allinnich yn it bûtenlân op en binne jierrenlang fêste gasten op de grutte festivals yn Douarnenez, Brest en Paimpol yn Bretanje. Yn 2002 beslút de groep te stopjen en gjin útnûgings mear oan te nimmen. De namme Liereliet, oait op fersyk fan Nanne betocht troch skriuwer Hylke Speerstra, bliuwt trochlibjen yn 'Liereliet - Warkum', sûnt 2008 de namme foar it Ynternasjonale Festival fan Maritime muzyk dêr.
Nanne & Ankie / Nan'n Ankie
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt ein jierren 90, groeit der by Nanne Kalma en Ankie van der Meer de behoefte om wer mear mei Fryske teksten dwaan te gean. Se beslute as duo Nanne & Ankie muzyk meitsjen te gean, op te treden en cd's op te nimmen. Se ferbreedzje harren terrein en sette teksten fan de Australyske skriuwer Michael Roads op muzyk en nimme dat op. Se betinke, sa't se dat neame, lietferhalen mei faak in histoaryske eftergrûn. Se reizgje wer en trede in soad op yn it bûtenlân, oant yn Amearika en Austraalje ta.
Festivalproduksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neist it spyljen yn in allerlei groepen docht Nanne Kalma in soad op organisatoarysk mêd. Hy stie oan de basis fan it jierlikse Tsjoch-festival en de Feriening fan Fryske Folkmuzikanten: oant en mei Tsjoch 25 hat hy yn de festival-kommisje sitten. In soad fan syn ideeën sitte yn it jierlikse Festival fan Maritime Muzyk yn Warkum. Sûnt it begjin yn 1980 sit hy al yn dee organisaasje. Mei foar dit festival hat hy grutte muzykteaterproduksjes makke, lykas Van 't Schip Batavia, Kinkhoarns yn de Mist, Der lizze wurden yn de boat, Stoomôfblazen yn it Kraaienêst, De Reis nei de Wylde Kust, It Sulver fan de See en Henry Hudson en de Heale Moanne. In 2007 meitsje Nann'n Ankie in lietsjesprogramma ter gelegenheid fan it 75-jierrich bestean fan de Ofslútdyk. It is in opdracht fan it Suderseemuseum yn Inkhuzen. Dit programma, 'It Bern, Spylman en de Ofslútdyk', wurdt letter útwurke ta it teatrale konsertprogramma 'Dyk fol Muzyk'.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2000 krijt hy fan Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels de Fryske Anjer útrikt en yn it jier 2003 wurdt hy beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. It binne bliken fan wurdearring foar syn bjusterbaarlike produksje, syn talleaze stimulearjende organisatoaryske aktiviteiten, syn bijdrage oan de ûntwikkeling fan en syn ynfloed op de Frysktalige muzyk, de Nederlânske maritime lietkultuer en de Esperanto muzykkultuer. Foar dat lêste krige hy, yn Dútslân, tegearre mei de aoare Kajto-leden yn 2005 de 'FAME Kultur-Premio' útrikt, de wichtichste kulturele priis yn de Esperanto-wrâld.
Boarnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ynterview op Frysk Popnet (deade keppeling)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nederlânsk muzikant
- Nederlânsk folksmuzykartyst
- Nederlânsk sjonger
- Nederlânsk komponist
- Frysk muzikant
- Frysk folksmuzykartyst
- Frysk sjonger
- Frysk komponist
- Sjonger yn it Frysk
- Sjonger yn it Esperanto
- Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn 1949