Tsjoch
Tsjoch is in netwurk (yn 'e foarm fan in feriening) fan Fryske muzikanten, oprjochte yn 1979. Dizze organisaasje organisearret festivals, konserten en iepen poadiums yn Fryslân. Leden hawwe ek de mooglikheid om kursussen en workshops te folgjen. Om yn kontakt te kommen mei artysten fan Tsjoch stiet in oersjoch mei artysten op de webstee fan Tsjoch. Ek is der in fûns foar artysten.
Ein jierren santich wienen der in soad folkartysten dy't op ferskate lytse festivals spilen. In tal muzikanten rjochte doe yn Snits de Feriening fan Fryske Folksmuzikanten op. Tsjoch biedt in platfoarm foar alle dielnimmers. It festival waard earst alle jierren op in oar plak yn Fryslân hâlden. No't it festival te grut wurden is, wurdt it om en om yn Ljouwert en Drachten hâlden. Sa stadichoan is de klam wat mear nei folk ferskood. Boppedat krije ek dûns en gitaren harren gerak.
Tsjong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is ek in bernefestival en in Iepen poadium foar begjinnende artysten: Tsjong. Boppedat wurde der winterdeis konserten organisearre. Hjirby is meast in jong talint keppele oan in artyst mei ûnderfining. Optredens lizze op it mêd fan muzyk, dûns, toaniel, kabaret, foardracht ensafuorthinne. Soks bart meast yn de Skippersseal fan Aldegea (Smellingerlân) yn de moannen jannewaris, maart en novimber.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webstee Tsjoch (deade keppeling)