Springe nei ynhâld

Ferbean

Ut Wikipedy
Ferbean
band
Ferbean yn 2002
Ferbean yn 2002
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Frysk
sjenre pop
bestean 1999 – no
leden
Bertus Klazinga
Anko Bouma

Ferbean, offisjeel ‘Duo Ferbean', is in Fryske muzykformaasje besteande út Bertus Klazinga fan Feanwâlden en Anko Bouma fan Warten. De formaasje begûn yn 1999 en stiet bekend om harren dûbelsinnige teksten. Ferbean makket gebrûk fan in ferskaat oan muzykstilen, lykas 'rock&roll’ en ‘shanty’. Se songe benammen twastimmige, humoristyske lietsjes en begeleide harsels op gitaar, ukelele, mûleharmoanika, tamboerijn, strykplanke, 'waskbortaar' en kokosnuten.

It duo besjongt in protte maatskiplike problemen. Harren earste optreden wie yn 1999 op it muzykfestival Tsjong yn Aldegea. Bouma en Klazinga wurken mei oan in cd fan Nanne en Ankie.

  • Lik op stik (2002)

Ferneamde nûmers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Lik op stik
  • Hynstetemmer
  • Fryske Diken

Ek stiet Ferbean op inkele Fryske sammel skiven:

  • Fryslân muzyklân 5 (in sammelskiif fan Fryske artysten)
  • Frysk hit festival, part 3 (2005; in sammelskiif fan Fryske artysten)
  • It bêste út de Fryske top 100 fan Omrop Fryslân 2