Nanne & Ankie
Nanne & Ankie | ||
band | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Frysk, Nederlânsk | |
sjenre | feestmuzyk | |
bestean | 1998 – no | |
prizen | Fryske Anjer | |
leden | ||
Nanne Kalma | ||
Ankie van der Meer |
Nanne & Ankie is in sjongduo dat bestiet út Nanne Kalma (Amersfoart, 1949) en Ankie van der Meer (Gytsjerk, 1959). Nanne wennet yn Burgum en is gitaarleraar oan de muzykskoalle yn Drachten. Ankie is learares Frânsk en Ingelsk oan it Friesland College yn Ljouwert. Beiden binne pioniers op it mêd van de Frysktalige muzyk. Se binne al jierren aktyf en songen ûnder oare yn Irolt.
Tsjitwurdich sjonge se yn Kat yn 't Seil en Liereliet mar ek as duo. Sa songen se smertlapen op it Tsjoch-festival. Oan harren cd Mei de guozen mei ferliende ek it duo Ferbean meiwurking. As duo, mar ek mei Kat yn't Seil en Ferbean hienen se faker optredens yn Amearika en in soad oare lannen.
Nanne Kalma krige yn 2000 de Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns en yn 2003 waard er Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau.
Yn 2008 ferskynde by it 75-jierrich bestean fan de stichting It Fryske Boek de cd Smûzje. Op 3 septimber 2009 waard 'It Smûzers alfabet' op de rymposter fan Stichting it Fryske Berneboek. Tidens dy presintaasje yn it spekjesfabryk fan Frisia te Harns songen Nanne en Ankie de folsleine tekst fan dit alfabet mei de oanwêzige bern.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- CD-single
- Een kind op de afsluitdijk / Een dijk vol muziek (Nederlânsktalich Marista MCD 7306, 2007)
- CD fan Nanne Kalma
- Hé joh jij daar! (1998)
- CD fan Nanne Kalma en Ankie van der Meer
- Mei de guozzen mei (2004)
- Spreuklieten (2007)
- Dijk vol muziek (2007)
- The song of life' (2008)
- Smûzje (2009)
- Moai mei dij (2009)
- CD's mei oaren
- Muziekcaféesten (2001)
- Rûzje wyn..., lieten út Fryslân sjongt (2000)
- De reis naar de wilde kust (200?)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |