Turfrûte
Appearance
De Turfrûte is in toeristyske farrûte yn súdeast Fryslân en oanbuorjend Drinte en Oerisel.
Rûte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De turfrûte giet troch in part fan de fearten dy't troch turfwinning ûntstean binne, benammen dy fearten dy't noch yn orizjinele steat binne, en dêrtroch beskikber foar de plezierfeart. De rûte hat trije farianten.
Koarte rûte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fan Meppel fia it Meppelske Djip en de Beukers Grêft nei it Belter Wiid, en dan troch it Beukers Kanaal nei Stienwyk.
- Fan Stienwyk fia it Oksensylster Kanaal nei Oksensyl.
- Fan Oksensyl troch de Oksensylster Sleat en oer de Linde nei de Trijehoeksslûs, en dan troch de Jonkersfeart en oer de Tsjonger nei Mildaam.
- Fan Mildaam oer De Tsjonger fierder nei Easterwâlde.
- Fan Easterwâlde oer de Opsterlânske Kompanjonsfeart nei Appelskea.
- Fan Appelskea fierder oer de Opsterlânske Kompanjonsfeart en de Wite Wyk nei de Drintske Haadfeart en sa werom nei Meppel.
Lange rûte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De lange rûte begjint krekt as de koarte, mar folget De Tsjonger mar oant it begjin fan de Engelenfeart.
- Fia de Engelenfeart nei It Hearrenfean.
- Fan It Hearrenfean fia it Nije Hearrenfeanster Kanaal nei de Hearresleat, of fan It Hearrenfean út daalks fia de Hearresleat, en dan fia de Nije Pompsleat, de Heafeart en de Nije Feart nei Terwispel.
- Fan Terwispel fierder oer de Nije Feart nei de Gordyk.
- Fan De Gordyk fierder oer de Nije Feart, en dan fia de Lange Wyk en de Koarte Wyk nei de Opsterlânske Kompanjonsfeart, en dy fierder folgje nei Appelskea dêr't fierder wer de koarte rûte folge wurde kin.
Noardwest-rûte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de lange rûte kin noch in stik tafoege wurde. Yn dat gefal moat net de Nije Pompsleat naam wurde.
- Fierder oer it Hearrenfeanster Kanaal en dan fia de Meinesleat nei Akkrum.
- Fan Akkrum oer De Boarn nei Nes.
- Fan Nes fierder oer De Boarn nei Aldeboarn.
- Fan Aldeboarn fierder oar De Boarn en fia it Nijdjip nei de Nije Feart, dy't neffens de lange rûte folge wurdt nei Terwispel.
-
Engelenfeart by de wyk De Greiden op It Hearrenfean
-
Jousterbrêge yn it Nije Hearrenfeanster Kanaal
-
Gordykbrêge
-
Slûs yn de feart by Appelskea
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webstee fan part fan de Turfrûte (Nederlânsk).