Springe nei ynhâld

Standerttype Snits

Ut Wikipedy
Stasjon Snits

It Standerttype Snits is in stasjonsûntwerp dat yn de jierren 1881 -1885 brûkt waard foar seis spoarstasjons yn Nederlân. Fan dizze gebouwen binne der noch trije oanwêzich.

It symmetryske stasjonsgebou, nei alle gedachten ûntwurpen troch de arsjitekt M.A. van Wadenoijen, bestiet út in sintraal, twa boulagen heech part mei fjouwerkante plattegrûn en twa fleugels mei rjochthoekige plattegrûn. De totale breedte ferskilt troch de lingte fan de sydfleugels: Tiel hat by elke fleugel fjouwer sydruten (lykas eartiids Appingedam, Gorkum en Warkum), Snits fiif en Delfsyl sân. It sintrale part wurdt troch in brutsen skylddak dutsen, dêr 't fjouwer skoarstiennen op pleatst binne, de fleugels wurde troch skylddakken dutsen. Op it foarste dakskyld fan it sintrale diel stiet in dakkapel mei sealdakje en klok. It gebou is út brune bakstien oplutsen, de dekorative gevelbannen binne wyt bepleistere. Delfsyl hat as iennichste in gebou dat folslein út brune bakstien oplutsen is. De hoeken wurde ôfsletten troch pilasters, de gevels ûnder de daklist wurde ôfsletten troch in trochrinnend fries, dekorearre mei sirkelfoarmige eleminten. Finsters en doarren, sawol oan de foar- as oan de efterkant, binne by de noch besteande gebouwen troch nije ferfongen. De measten sitte wol op it oarspronklike plak yn de gevels. Tsjin de eastlike sydgevel en oer de hiele lingte fan de eftergevel is in perronoerkaping pleatst, dy't yn de styl fan de Jugendstil útfierd is. De pylders fan getten izer mei Korintyske kapitelen stypje in foarse houten luifel.

Stasjons fan it type Snits

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stasjon boud Opmerkingen
Gorkum 1881 Yn 1971 ôfbrútsen
Tiel 1881 Yn de Twadde Wrâldkriich skansearre rekke mar is fannijs boud. Hjoed-de-dei yn gebrûk foar deibesteging.
Snits 1882 Yn it pân is it Nasjonaal Modelspoar Museum festige.
Appingedam 1883 Yn 1978 swier skansearre rekke by in brân en dernei ôfbrútsen.
Delfsyl 1883
Warkum 1885 Yn 1973 ôfbrútsen