Nederlânske Tramwei Maatskippij

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hynstetram, Westein Feanwâlden ± 1912

De Nederlânske Tramwei Maatskippij (NTM) wie tusken 1880 en 1956 ferantwurdlik foar it oanlizzen, eksploitearjen en ûnderhâlden fan de tramlinen dy't yn Fryslân lein hawwe. Nettsjinsteande de namme hat it trambedriuw allinnich yn Fryslân en oanswettende dielen fan Grinslân, Drinte en Oerisel aktyf west.

De NTM waard oprjochte op 24 april 1880 yn Utert. Tusken 1907 en 1913 en nei 1930 wie de NTM fêstige op It Hearrenfean. Yn it earstoan wienen der ek plannen om ek op oare plakken yn Nederlân tramlinen oan te lizzen, mar úteinlik konsintrearre de NTM him op Fryslân.

Wat der yn 1956 noch oer wie fan de eardere NTM-tramlinen waard oerdroegen oan de NS, dy 't de lêste tramline (doe noch allinne foar frachtferfier) yn 1985 sluet. Mei autobussen is de NTM iepenbier ferfier fersoargjen bleaun oant 1 april 1971, doe't it bedriuw, tegearre mei NOF, LABO en LAB, opgien yn de FRAM.

Hynstetrams[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste troch de NTM oanleine linen waarden yn gebrûk nomd mei hynstetrams. De earste line rûn fan Dokkum nei Feanwâlden en waard iepene op 6 oktober 1880. Dy en alle folgjende linen waarden útfierd yn normaalspoar (spoarwiidte 1435 mm). In jier letter, op 19 septimber 1881, waard de line trochlutsen nei Burgumerdaam en yn 1896 ried de tram troch nei Sumar. Sûnt 1913 (Sumar – Feanwâlden) en 1926 (Feanwâlden – Dokkum) waard de hynstetram ferfongen troch de stoomtram. De hynstetramlinen waarden lichter útfierd as oare linen, dus moasten earst de spoarstêven troch swierdere eksimplaren ferfongen wurde eardat de swierdere stoomlokomitiven ride koene.

Yn 1898 kaam de hynstetramline MakkumHarkesyl yn gebrûk, wylst yn 1900 as lêste de hynstetramline BerltsumSint Anne iepene waard. Dizze lêste line waard opheft yn 1917, wylst de tsjinst Makkum – Harkesyl noch oant 16 july 1930 yn bedriuw bleau. Dit wie de lêste hynstetramline yn Nederlân.

Goaiske Tram mei Henschel-stoomlokomotyf yn 1940 sa't dy ek yn Fryslân riden

Stoomtrams[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grutste diel fan de NTM waard 65 jier lang foarme troch it stoomtrambedriuw dat yn syn bloeitijd in grut diel fan de provinsje Fryslân bestrykte. De NTM wie dan ek ien fan de grutste stoomtrambedriuwen yn Nederlân.

De earste stoomtram ried op 11 jannewaris 1882 tusken Snits en Boalsert. Yn datselde jier folgen noch de linen Boalsert – Harns, De JouwerIt Hearrenfean en It Hearrenfean – De Gordyk. Yn 1884 kaam de ferbining fan De Gordyk nei Drachten ta stân. Yn 1886 folge de ûntbrekkende skeakel De Jouwer-Snits. Doe wie de trochgeande tramline Harns - Boalsert - Snits - De Jouwer – It Hearrenfean - Gordyk – Drachten kompleet.

Tsien jier letter folgen der mear tramlinen: yn 1896 waard de line Drachten – Sumar iepene mei oanslutend de hjirfoar neamde hynstetramline Sumar – Feanwâlden, dêr't nei 1913 ek stoomtrams riden giene.

Fan 1899 ôf kamen der ek stoomtrams ten noardwesten fan Ljouwert, yn dat jier waard de line Ljouwert Frouwe Poarte – MinnertsgeaSint Jabik yn gebrûk nomd. In jier letter kaam de line MarsumFrjentsjer der by en yn 1901 kaam de ferbining fan de Frouwe Poarte troch Ljouwert nei it stasjon Ljouwert yn gebrûk. Yn Harns kaam der dat jier in ferbining fan it stasjon nei de haven ta stân.

Ek yn 1901 kaam noch in oare tramline nei in haven ta stân, nammentlik De JouwerSint NykDe Lemmer, wêr't oansluting wie op de 'Lemmerboat' dy't oer de Sudersee in ferbining mei Amsterdam fersoarge. Yn 1902 waard de ûntbrekkende skeakel Arum – Frjentsjer oanlein, sadat út Ljouwert wei no yn westlike rjochting tsjin de klok yn in rûntsje riden wurde koe oan Feanwâlden ta. It ûntbrekkende diel FeanwâldenLjouwert soe letter ynfold wurde mei stoomtrams op it spoar Ljouwert - Grins.

Sûnt 1911 waarden ek tramlinen oan de eastkant fan de provinsje oanlein en yn de oangrinzjende dlen fan Grinslân, Drinte en Oerisel. Yn 1911 waard de line Lippenhuzen (Trijehoek) – Easterwâlde iepene, yn 1913 de line Drachten – Grins, yn 1914 kaam de line Hoek MakkingeaStienwyk yn gebrûk en in jier letter berikte de NTM Drinte ek mei de line Easterwâlde - Appelskea - Hijkersmilde - Smilde - Boppesmilde – Assen, wylst yn 1916 de lêste line iepene waard fan Hijkersmilde nei Meppel. Der hawwe yn de rin fan de jierren noch folle mear plannen west foar oanlis fan tramlinen, mar it soe hjirby bliuwe. De totale lingte fan it net wie 297 kilometer.

De tramlinen wienen foar passazjiers- en foar frachtferfier, mar it frachtferfier soe it ferfier foar reizgers op inkele linen in soad jierren oerlibje. It folsleine net soe mar sa'n 17 jier bestean, want yn 1933 waard as earste de lêst iepene line fan Hijkersmilde, bylâns de Drintske Haadfeart, nei Meppel al wer sluten. Blykber wie de lêste útwreiding dochs net sa'n súkses.

De NTM ried net allinnich trams op de eigen linen, mar fan 1913 waarden der ek tsjinsten fersoarge op inkele spoarlinen fan de Steatsspoarwegen (SS). Dat gie om de ferbining Ljouwert - Feanwâlden, letter rieden der ek trams op Ljouwert – Snits en Ljouwert – It Hearrenfean. Dat oanbelange benammen de stoptsjinsten dy't op alle haltes stoppen.

Op 13 augustus 1939 wienen der inkele opheffingen: Marsum – Frjentsjer – Arum en Ljouwert – Bitgummole. It oanslutende diel Bitgummole – Sint Jabik waard tenei troch de Nederlânske Spoarwegen (NS) eksploitearre. Dêrom waard der tichtby Sint Jabik in ferbiningsspoar lein mei de spoarline fan de NFLS by Minnertsgea, sadat de frachttrams no fan de oare kant ôf op de tramline komme koenen.

De oare tramlinen bleauwen oant nei de Twadde Wrâldoarloch yn bedriuw, mar yn 1947 waard in grut part fan it net sluten. Mei yngong fan 5 oktober 1947 waarden opheft de linen: Harns – Boalsert, Snits – De Jouwer - It Hearrenfean – De Gordyk, Trijehoek – Drachten, Folgeren – Burgum, Dokkum – Feanwâlden en Hijkersmilde – Assen.

De hjirfoar neamde line Bitgummole – Sint Jabik gie yn eigendom oer nei de NS, wylst alle oare linen oerdroegen waarden oan de NS, dy't hjir allinnich noch mar frachtferfier fersoargje soe. Oant 8 maaie 1948 waard op de line Drachten – Grins noch reizgersferfier útfierd mei motortrams fan de Goaiske tram.

Allinnich noch frachtferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oerbleaune linen waarden fanôf 1 oktober 1949 wer troch de NTM oernomd, útsein de linen Burgum – Feanwâlden en Bitgummole – Sint Jabik, dy't respektyflik sluten waarden en by de NS bleaunen. It frachtferfier waard mei eigen personiel en NS-materieel útfierd. Yn de kommende jierren waarden de linen mei sukses wer oerdroegen oan de NS: yn 1952 Bitgummole – Sint Jabik, Drachten – Grins yn 1956, Snits – Boalsert yn 1958 en It Hearrenfean - De Jouwer – De Lemmer yn 1960. De linen Stienwyk – Hijkersmilde en – De Gordyk waarden net mear oerdroegen, mar sluten op 30 septimber 1962.

De lêste, troch NS eksploitearre, linen waarden inkele jierren letter sluten: Bitgummole - Sint Jabik yn 1957-1964, Snits – Boalsert en It Hearrenfean - De Jouwer – De Lemmer yn 1968.

Allinnich de lêste line, Drachten – Grins, bleau noch langere tiid bestean. De yn it jierren fyftich in Drachten festige Philipsfabryk wie de grutste klant. Noch oant yn de jierren tachtich wie der geregeldwei frachtferfier oer de Philipsline mei dieselloks fan de searje NS 2400. Yn de jierren 1973, 1975 en 1976 kaam de stoomtram nog ris werom doe't de Stoomtram Hoarn – Medemblik (SHM) ritten útfierde op dizze âlde tramline. De lêste rit oer de hiele line waard mei Waadrinners riden op 30 april 1985 en noch in rit oant Roan op 7 juny 1985, wêrnei't de line yn 1988 opbrutsen waard. Hjirmei kaam der in ein oan de skiednis fan de Fryske tramlinen.

Materieel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de tsjinst op de stoomtramlinen hie de NTM in grut oantal stoomloks. Dizze wienen yn trije haadsearjes te ûnderskieden.

De 'Lytse Henschels', searje 1-28, waarden tusken 1881 en 1903 levere troch it fabryk fan Henschel yn Kassel. De 'Grutte Henschels', searje 29-50, wienen gruttere en sterkere loks as de foargeande en waarden tusken 1911 en 1914 levere troch it fabryk fan Henschel. De Maffei-loks, searje 51-65, waarden tusken 1914 en 1930 levere troch it fabryk fan Maffei yn München. Inkele fan dizze lok's wienen kamen fan de NCS, wêr't se rieden op de yn 1931 ophefte tramline NunspeetElburgHattem. De measte lokomotiven waarden ôffierd by de opheffing fan it trambedriuw yn 1947-1948.

Foar de hynstetramlinen hie de NTM 14 rydtugen (A 1-14). Foar it ferfier fan reizgers yn de stoomtram hie 97 rydtugen (BC 1-91 en C 201-206) en dan wienen der noch 15 postbagaazjerydtugen (D 2-16).

It oantal frachtwagons wie grut en ferdield oer ferskate typen, wêrûnder 151 tichte frachtwagons (E) en 101 feeweinen (F).

Motortraksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de jierren tweintich waard de motortraksje brûkt. Nei in proefrydtúch (M1) kamen der yn 1925 seis twa-assige motorweinen (M 2-7) fan Werkspoor. Dy moasten de kosten fan de persoanetrams drukke by de opkommende konkurrinsje fan de autobus. Yn 1935 waard ek in diesellok (101) oanskaft, mar it soe by ien eksimplaar bliuwe.

Yn 1939 waarden inkele motorweinen oernomd fan de dat jier foar it meastepart ophefte Goaiske tram. Hjirfan kamen de fiif by de NTM yn tsjinst ûnder de nûmers M 8-12.

In de Twadde Wrâldoarloch wie it gebeurd mei de motortraksje en moast wegens gebrek oan floeibere brânstoffen dochs wer op gruttere skaal in berop dien op de stoomtraksje. Nei 1945 besocht men it bedriuw noch te modernisearjen mei de twaddehâns fan de Goaiske tram oernomde motortrams, mar dit koe de ferbussing fan it trambedriuw yn 1947-1948 net foarkomme.

NS-lokomotiven[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lokomotor 323 by Modelspoarmuseum Snits

De NS brûkte fan 1948 ôf as trekkrêften op de Fryske tramlinen ferskate soarten dieselloks. Ynearsten wienen der de út Ingelân kommende loks 161-165 dy't yn de jierren fyftich bûten tsjinst gienen. Ien eksimplaar (162) is úteinlik bedarre by de Stibans te Amsterdam. Fierders waard gebrûk makke fan de loks 451-460, dy't om 1970 hinne bûten tsjinst giene. Hjirfan stiet de 451 noch by de Museum Buertspoarwei yn Haaksbergen.

Fan de gruttere searjes NS-lok's dy't tsjinst dienen, kinne noch neamd wurde de lokomotoren searje 200-300 en de loks searje 2400.

Nei bûtentsjinststelling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de sluting fan de (measte) tramlinen gienen ek de stoomloks, de rydtugen en de measte eigen frachtwagons bûten tsjinst. In soad waard sloopt, mar ferskate rydtugen en in protte frachtwagons krigen noch in twadde bestean as needwente of skuorre ferspraat oer it lân.

Sûnt de jierren sechtich binne ferskate NTM-objekten troch de Stoomtram Hoorn – Medemblik sammle. Wylst binne in rydtúch (C 205), in postbagaazjewein (D 6), in kondukteurswein (P 1), twa koppelweinen (K 16 en 9) en twa gewoane frachtwagons (E 128 en 134) yn restaurearre en rydfeardige steat yn gebrûk by de stoomtram. Yn restauraasje is frachtwagon E67. Yn tarieding fan restauraasje binne de frachtwagons E 3 (eks E 100) en de feewagon F 63. Der is gjin bypassende NTM-stoomtramlok bewarre bleaun, oars soe der by de SHM noch in komplete NTM-stoomtram te sjen west hawwe.

Ek de diesellok (de 101), dy't tusken 1935 en 1940 tsjinst die by de NTM, is fia omwegen úteinlik by de SHM bedarre. It SHM-wurkplak is dwaande hjirfoar in restauraasjeplan op te stellen.

Yn it Nederlânsk Spoarweimuseum yn Utertt binne noch twa lytse frachtwagons bewarre bleaun, wêrûnder in ienassich (!) oanhingweintsje dat efter de hynsttram meifierd waard.

It Noardlik Bus Museum yn Winschoten bewarret de Leyland-Verheul autobus 4379, dy't yn 1963 by de NTM yn tsjinst kaam.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: