Springe nei ynhâld

Tramlinen yn Fryslân

Ut Wikipedy
Hynstetram op de Tramwei Harkesyl-Makkum

Hjirûnder stiet in net-folsleine list fan in oantal eardere tramlinen yn Fryslân.

Om it jier 1930 hinne wie it spoar - en tramwegenet op syn hichtepunt. Neist spoarlinen wiene der in soad tramlinen; meastal mei stoomtraksje, mar ek wol mei hyndertraksje, motortraksje en elektryske traksje. De opkomst fan de autobus is foar de measte tramlinen de ûndergong wurden. Yn Fryslân waarden de tramlinen eksploitearre troch de Nederlânske Tramwei Maatskippij.

Tramwei Iepene Sletten Lingte Trjajekt
It Hearrenfean - De Jouwer 1882 1947 18 km
De Jouwer - De Lemmer 1901 1947 18 km
De Jouwer - Snits 1886 1947 14 km
Snits-Boalsert 1882 1947 10 km
Boalsert - Harns 1882 1947 20 km
Harkesyl - Makkum 1898 1930 6,5 km
Frjentsjer - Arum 1902 1939 6 km
Frjentsjer - Marsum 1900 1939 11 km
Ljouwert - Sint-Jabik 1899 1939 17 km
Berltsum - Sint-Anne 1900 1917 5 km
Dokkum - Feanwâlden 1880 1947 12 km
Feanwâlden - Drachten 1881 1947 20 km
It Hearrenfean - Drachten 1882 1947 25 km
Lippenhuzen - Easterwâlde 1911 1947 20 km
Makkingea - Stienwyk 1914 1947 30,5 km
Easterwâlde - Assen 1915 1947 30 km
Drachten - Grins 1913 1985 43 km