Fryske Autobusmaatskippij

Ut Wikipedy
Leyland-Den Oudsten bus 2139 fan de FRAM.
Mercedes-Benz O408 yn de kleurstelling dy't de FRAM yn de jierren '90 brûkte.

De Fryske Autobusmaatskippij (Friese Autobus Maatschappij, FRAM), fêstige op It Hearrenfean, wie in iepenbier ferfierbedriuw dat op 1 april 1971 ûntstien wie út in fúzje fan de NOF yn Dokkum - wêr't koart dêrfoar de LABO en de LAB, beide út Ljouwert, yn opnommen wiene - mei de NTM op It Hearrenfean. Op 1 jannewaris 1974 kaam dêr it ZWH yn Balk by en op 1 jannewaris 1979 ek noch de linetsjinsten fan de ESA út Mearum.

It ferfiersgebiet bestie út de hiele provinsje Fryslân (mei de Waadeilannen Flylân, It Amelân, Skylge en Skiermûntseach), súdwest-Grinslân, linen nei Assen en Meppel en in part fan de Noardeastpolder. Teffens waard er yn kombinaasje mei de NZH (oant 1972 mei de Naco) riden fan Ljouwert fia de Ofslútdyk nei Alkmaar yn Noard-Hollân.

De FRAM wie ien fan de earste busmaatskippijen yn Nederlân mei in buorbus en in skilbus. De buorbus begûn yn 1977 mei in line fan Bûtenpost nei Gruttegast, de Skilbus in novimber 1979 fan It Hearrenfean nei De Tynje.

Op 1 jannewaris 1996 fusearre de FRAM mei de DVM/NWH ta de VEONN. Mei yngong fan 30 septimber 1998 waard de Hanze Groep, wêr't VEONN diel fan útmakke, oernommen troch Arriva en mei 22 april 1999 krigen de bussen ek it Arriva-logo.