Springe nei ynhâld

Tramwei Drachten - Grins

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tramline Drachten - Grins)
Philipsline
Tramwei Drachten - Grins
Tramwei Drachten - Grins op de kaart
Totale lingte41,5 km
Spoarwiidtenormaalspoar 1435 mm
Oanlein trochNTM
Iepene1913
Sluten2 juny 1985
Elektrifisearrenee
Tal spoaren1
Trajekt
uexvSTR- tramwei fan It Hearrenfean opbrútsen
uexdSTRuexdKBSTa Philips
duexdSTRuexdSTRuexdENDEa havenspoor
uexdKDSTauexdBHFuexSPLe 0,0 Drachten fan 1913 ôf
uexv-SHI2g+ruexSTR
duexdABZgluexKRZ tramwei nei Feanwâlden opbrútsen
uexv-SHI3g+luexSHI3r
uexHSTd 1,0 Hotel Vreewijk De Folgeren
uexSKRZ-Aud N31
uexHSTd 4,5 Drachtster Kompenije
uexHSTd 5,8 Luchtenfjild
uexSTR+GRZqd 7,8 grins Fryslân - Grinslân
uexHSTd 10,3 Trimunt
uexSKRZ-Aud A7E22
uexHSTd 12,9 Mearum
uexHSTd 14,6 Kafee De Krúswei Mearum
uexv-SHI2gr
uexdENDEeuexdSTR Coöperatie Centrale Groningen
uexHSTd Kafee Klaassens Nuis
uexHSTd 16,4 Nuis
uexdENDEauexdSTR CLV
uexv-SHI2g+r
uexHSTd Niebert
uexHSTd 21,2 Tolbert
uexHSTd 23,3 De Like fan 1965 ôf
uexHSTd De Like oant 1965
uexWBRÜCKE1d Lykster Haaddjip
uexSTR+GRZqd 23,7 grins Grinslân - Drinte
uexHSTd Café Bulthuis Nietap
uexHSTd 27,4 Roan
uexWBRÜCKE1d Peizerdjip
uexHSTd 31,8 Peize
uexHSTd Peizerwold
uexHSTd Peizermade Peize
uexWBRÜCKE1d Eelderdjip
uexSTR+GRZqd 37,5 grins Drinte - Grinslân
uexHSTd Grinzer grins
uexSKRZ-Aud A7E22
uexHSTd Dyk nei Heechtsjerk
uexBSTd Feiling Eendracht
uexSKRZ-Aud N370 Laan 1940-1945
uexdSTRdSTR+l spoar fan Harns Haven
uexdSTRdABZg+l spoar fan Delfsyl
uexdBHFdSTR 40,5 NTM Halte Grins
uexdKRZemdKRZ tramwei Eelde - Grins opbrútsen
uexdSHI2gledSHI2g+r
uexdENDEedSTR
dWBRÜCKE1 Noard-Willemskanaal
dSTRc2dABZg3
eSPL+1dSTR+c4d
exdDSTvBHFd 41,5 Grins
ev-SHI2g+rvSTR-
vÜST spoar nei Meppel
v-STR spoar nei Bad Nijeskâns
Eardere spoaroergong by Nijtap- De Folgeren, yn 2008 yn de bestrjitting fan de dyk oanjûn. Neist de krusing steane fjouwer spesjaal ûntwurpen spoarlampen

"Philipsline" is de bynamme fan de tramwei GrinsDrachten. De tramwei is yn 1913 oanlein troch de Nederlânske Tramwei Maatskippij (NTM). De lingte wie 43 kilometer.

Yn Drachten sleat de line oan op de tramwegen nei Feanwâlden en It Hearrenfean. Yn 1947 naam NS de tramwei oer fan NTM, yn 1948 de eksploitaasje, wêrby’t tagelyk it persoaneferfier staakt waard. Yn 1949 naam NTM de tramwei oer fan NS, yn 1956 naam NS de line wer oer.

Letter toande it Philips-fabryk yn Drachten ynteresse yn de net-brûkte tramwei as transportrûte foar de leverânsje fan fracht (it Philipsfabryk waard yn 1951 yn it ramt fan de wurkgelegenheid yn Drachten oprjochte). Der waard noardlik fan Drachten in ferbiningsspoar oanlein dat oansleat op it lyntsje. Philips wie op 't lêst de ienige klant fan NS op dizze line.

It frachtferfier gie troch oant 1985. Dêrnei is de tramwei bûten gebrûk steld. Nei de sluting woe de Nederlânske Feriening fan Belangstellenden yn it Spoar- en tramweiwêzen (NFBS) noch in rit oer dit spoar meitsje. De NS wegere, om't "ticht" ek "ticht" wie. Lykwols makke letter dat jier in Waadrinner de allerlêste rit oer it spoar. Yn de trein sieten skoalbern dy’t it reiske lang foar de slutingsdatum boekt hiene. Yn 1988 is it trajekt folslein opbrutsen. De line wie de lêste NTM-line fan Nederlân dy’t sluten is.

Der hawwe plannen west om de line op 'en nij te aktivearjen, tusken Grins en De Like, as fluchtramferbining.

Fan 20 juny 2013 ôf stie de disellokomotyf NS 662 by in útrinner fan it eardere spoar oan de Lange West yn Drachten. De lok wie eigendom fan de Stichting Spoorverleden Drachten. Yn oktober 2023 waard de NS662 oerdroegen oan Stichting 2454 CREW.

Oan de line leine: Grins, Peize, Roan, De Like, Tolbert, Nybert, Mearum, De Folgeren, Drachten. De line gie dwers troch de sintrums fan De Like en Roan.

(net folslein)

  • Philips - Drachten
  • Drachten
  • Hotel Vreewijk - De Folgeren
  • Drachtster Kompenije
  • Luchtenfjild
  • Trimunt
  • Mearum
  • Kafee De Krúswei - Mearum
  • Kafee Klaassens - Nuis
  • Nuis
  • Niebert
  • Kafee De Unie - Tolbert
  • De Like
  • Kafee Bulthuis - Nietap
  • Roan
  • Peize
  • Peizermade - Peize
  • Dyk - Heechtsjerk
  • Feiling Eendracht
  • Grins
  • Stasjon Grins

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]