Stasjon Stienwyk

Ut Wikipedy
Stasjon Stienwyk
station Steenwijk
Stasjon Stienwyk yn 2010
Stasjon Stienwyk yn 2010
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Stienwikerlân
plak Stienwyk
adres De Vesting 15a
arsjitektuer
stasjonskoade Swk
iepening 15 jannewaris 1868
boujier 1865 1e stasjonsgebou
1972 2e stasjonsgebou
sloopjier 1972 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1865
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1972
Cees Douma
2e stasjonsgebou
oare ynformaasje
perrons 1
perronspoaren 2
spoarline Steatsline A
3.825 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Stienwyk (Oerisel)
Stasjon Stienwyk

Stasjon Stienwyk (Swk) iepene op 1 maaie 1868, is it spoarweistasjon yn de Nederlânske stêd Stienwyk yn de provinsje Oerisel. It stasjon leit oan de Steatsline A

Gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stasjon Stienwyk yn 1935

It oarspronklike spoarweistasjon fan Stienwyk waard iepene op 15 jannewaris 1868, neidat yn dat jier de ferbining Swol nei Ljouwert (ûnderdiel fan de Steatsline A). ree kaam. It earste stasjon wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type SS tredde klasse, en is ien fan de njoggen stasjons dy't yn dizze klasse boud is. It gebou wie ûntwurpen troch de arsjitekt Karel Hendrik van Brederode.

Yn 1971 waard it stasjonsgebou foar in part ôfbrutsen. Op it plak fan de eardere restauraasje waard begûn mei de bou in part fan it nije stasjon dat kombinearre waard mei it postkantoar fan Stienwyk. Yn 1972 koe it seinhûs nei de nijbou ferhúzje, wêrnei't it noch restearjende part fan it âlde stasjon plakmakke foar it postkantoar. It nije stasjonsgebou anneks postkantoar, fan de hân fan arsjitekt Cees Douma, waard yn maitiid 1973 offisjeel yn gebrûk naam.

Op 24 april 2002 sleat it postkantoar syn doarren. Der bleau noch wol in "pakketpunt" oanwêzich mei postbussen en in lyts loket om pakketten te ferstjoeren. Dizze fasiliteiten ferhuzen yn de maitiid fan 2013 nei in boumerk yn Stienwyk. Dêrnei waard de romte fan it âlde postkantoar ferhierd mar stiet sûnt 2010 leech. It NS loket sleat yn 2003 de doarren, en it restaurant folge yn 2020. De gemeente Stienwikerlân is sûnt dy tiid dwaande mei it ûntwikkeljen fan plannen foar de ynfolling fan it stasjonsgebou[1].

Treinferbinings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
600 Intercity (NS) LjouwertStienwykMeppelSwolAmersfoart SintraalUtert-SintraalRotterdam Sintraal In healoeretsjinst mei searje 1800.
1800 Intercity (NS) De Haach SintraalSkiphol AirportAmsterdam SúdAlmere SintrumLelystêd SintrumSwolMeppelStienwykLjouwert In healoeretsjinst mei searje 600.
9000 Sprinter (NS) LjouwertStienwykMeppelSwol Riid jûns en yn it wykein allinne tusken Ljouwert en Meppel (1x yn't oere).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: