Aldegea (Gaasterlân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Aldegea (Gaasterlân-Sleat))
Aldegea (Gaasterlân)
Tsjerke fan Aldegea
Tsjerke fan Aldegea
Emblemen
               
Polityk
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 270 (1 jannewaris 2022)[1]
Oar
Postkoade 8556
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 54' NB, 5° 31' EL
Offisjele webside
Webste Aldegea-Kolderwâlde
Kaart
Aldegea (Fryslân)
Aldegea
Kaart
Tsjerke fan Aldegea
Himrik fan Aldegea yn de eardere gemeente Gaasterlân-Sleat

Aldegea is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súdlik fan de Fluezen. Aldegea leit yn in iepen lânskip. Dit komt troch de polderûntginning yn de 19e iuw. De Ige Galamawei ferbynt Aldegea yn it noardeasten mei Ealahuzen en yn súdwestlike rjochting nei Kolderwâlde, Himmelum en Bakhuzen.

It doarp hat 270 ynwenners (1 jannewaris 2022).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp ûntstie nei alle gedachten yn de tolfde of trettjinde iuw. Yn de fyftjinde iuw waard it doarp Oldegae neamd. It komt fan it Aldfryske olde (âld) en gae (doarp/himrik). It foarheaksel "Alde" is ta ûnderskieding fan it lettere ûntstiene doarp Nyegea, hjoed-de-dei Ealahuzen, dy' nei alle gedachten út Aldegea wei stifte waard.[2]

De tsjerke stiet yn it âldste diel (út de lette Midsiuwen), middenyn it doarp. It doarp krige in lintbebouwing trochdat letter fierder boud waard bylâns de tichtsmiten Wâldfeart en de Wâlddyk.

Aldegea wie ien fan de oarspronklike doarpen fan de gritenij Himmelumer Aldefurd, dy't yn 1851 yn gemeente waard. Yn 1984 gie Aldegea, mank mei Kolderwâlde en Ealahuzen nei de gemeente Gaasterlân-Sleat, dy't yn 2014 wer opgie yn de nije gemeente De Fryske Marren.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1954 - 357, 1959 - 361, 1964 - 311, 1969 - 273, 1973 - 263, 1994 - 232, 2004 - 270, 2021 - 265

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De herfoarme tsjerke oan de Aldewei is oanwiisd as monumint.
  • De Skeakel is it multifunksjonele sintrum dêr't de basisskoalle "De Fluessen" in diel fan is.
  • Yn it wapen fan Aldegea stean in stins en in leelje, beide ferwizend nei de aadlike Galama's, famylje fan Ige Galama

Sport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aldegea hat tegearre mei de oanbuorjende doarpen Kolderwâlde en Ealahuzen in fuotbalferiening, SF de Wâlde dy't yn Aldegea fêstige is.

Berne yn Aldegea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten yn Aldegea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aldewei, Algemiene Wei, Bokkeleane, Ige Galamawei, Klaas Gelkesstrjitte, Sanne Windwei.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente De Fryske Marren
Flagge fan de gemeente De Fryske Marren
Haadplak: De Jouwer    Stêd: Sleat

Doarpen en útbuorrens: AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel

Buorskippen: BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part) • SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich