Oerlis:Himmelumer Aldefurd
Appearance
Op dizze wiki wurdt ek wol 'Himmelumer Aldefurd' brûkt. Wat is de goeie stavering? (Op google jouwe beide fersjes sa'n 500 hits)Theun 19.00, 31 okt 2005 (UTC)
- Nei anology fan Nijefurd soe ik sizze Himmelumer Aldefurd. De ferzje mei e is in batavisme: Om't de offisjeale namme Nederlânsk, net Frysk wie (oars as Nijfurd), hat men de neiging mei in ferhollânske namme te kommen. Hoe faak hearst net (ge)boren foar berne sizze, of sluttel foar kaai? Mar nimmen dy't Frysk skriuwt sil it yn syn holle helje om dat ek sa út te skriuwen. WanabeFries Velim, non opto 20.58, 31 okt 2005 (UTC)
- Aldeferd is âlde stavering. Om't de gemeente koart nei de nije stavering weryndield is, is eltsenien wûn dy stavering te sjen; it is wat as mei Greate Pier, wat ek net goed mear is, mar wat o sa betroud is. It soe no lykwols Aldefurd wêze moatte. Aliter 03.08, 1 nov 2005 (UTC)
- De âlde stavering is seker fan foar myn tiid. Greate Pier fyn ik absoluut net betroud, ik hie tocht it is altiten Grutte Pier west. Op de en:Grutte Pier fun ik it ferhaal ek al wat frjemd mar ik wie wat benoud om op en: yn dit ferhaal saken te feroarjen wer't ik net sa'n protte fan wit. Is de stavering miskien ek noch ôfhinklik fan it soarte fan Frysk. Ik bin sels opgroeit mei it Wâldfrysk, dus at ik earne op in side saterdei delset in plak fan sneon witte jimme wer't it weikomt ;).Theun 20.10, 3 nov 2005 (UTC)
- Frysk#Stavering It mei foar jo dan net de betrouwde stavering wêze, ik nim oan dat dat foar in protte skriuwrs al sa is. Hoe't dat ek is, do't dizze gemeente der noch wie, wie der âlde stavering, en dy stavering hie ik sûnder achtsjen oernaam. Aliter 03.44, 4 nov 2005 (UTC)
Oerlis begjinne oer Himmelumer Aldefurd
Op oerlissiden beprate meidoggers hoe't se de ynhâld op Wikipedy perfekt krije. Jo kinne dizze side brûke om mei oaren te oerlizzen oer de mooglike ferbettering fan Himmelumer Aldefurd.