Willem de Jong

Ut Wikipedy
W. J. E. H. M. de Jong, 1913

Willem Julius Emile Herman Marten de Jong (Skiermûntseach, 21 oktober 1872De Haach, 14 desimber 1918) wie in Nederlânsk ûnderwizer en politikus foar de Liberale Uny.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Willem de Jong wie in soan fan Maarten de Jong en Luisa Elisabeth Lauer. Nei de middelbere skoalle studearre er fierder oan de Kweekskoalle foar ûnderwizers. Hy waard dêrnei ûnderwizer yn Middelharnis. Hy sie lange jierren oan skoalle en gie dêrnei de polityk yn. Fan 3 maaie 1912 oant 17 septimber 1918 hie de Jong in sit yn de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal. Dêrneist hat er noch ferskate njonkenfunksjes hân.

De Jong waard op in stuit beskuldige fan korrupsje by de distribúsjefoarsjenning. Hy waard letter foar in part rehabilitearre, mar die himsels te koart yn 1918.

Op 20 july 1897 boaske Willem de Jong yn Kampen oan Jacomina Hindrika van Heuven; sy krigen trije bern.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Onze Afgevaardigden, 1913
  • J.P. Schutz, skripsje Staatkundig-Historische Studiën, RU Leien (1976)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: