Klaas Visser

Ut Wikipedy

Klaas Visser (Skiermûntseach, 31 desimber 1891 - Ljouwert, 12 juny 1959) wie in Nederlânsk gesachfierder fan de walfiskfarder Willem Barendsz en eareboarger fan Skiermûntseach.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Willem Barendsz I

Visser waard op âldjiersdei 1891 berne as soan fan Gerben Visser en Pietje Onnes. Visser wie gesachfierder en wurke by de Stoomvaart Maatschappij Oostzee. Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam er as gesachfierder yn tsjinst fan de Nederlandsche Maatschappij voor de Walvischvaart. Hy late tusken 1946 en 1950 fjouweris in ekspedysje fan de Willem Barendsz nei it súdpoalgebiet. Foar it wurk op de Willem Barendsz helle er in protte bewenners fan syn bertedoarp oan [1]. Visser nam yn 1950 twa ûndertseaken fan in blauwe finfisk mei nei hûs. Sûnt 1951 steane de tseaken yn in bôge by de Willemshof yn Skiermûntseach.

Visser waard foar syn fertsjinsten foar de befolking fan Skiermûntseach beneamd ta eareboarger fan de gemeente. Foar syn krewearjen foar de walfiskfeart waard er yn 1948 ûnderskieden mei de gouden De Ruyter-medalje.[2]

Visser troude yn 1917 op Skiermuontseach mei Carolina Janna Hedlund. Hy stoar yn juny 1959 yn de âldens fan op 67 jier yn it Sint-Bonifatius Hospitaal yn Ljouwert. Hy waard op Skiermûntseach beïerdige.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat

  1. Ek ferskate Eanjumers fearen mei. Drewes
  2. Leidsch Dagblad d.d. 15 maaie 1948