Wapen fan Skiermûntseach

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Gemeentewapen Skiermûntseach

It gemeentewapen fan Skiermûntseach waard fêststeld op 19 oktober 1954 as

Yn sulver in omkearde mûnts mei tonsuer en koarte brune burd, klaaid yn in grize pij mei kape, dragend om de mul in learen riem, alles fan itselde, skoaid fan sabel, steande op in gersgrûn; de linkerhân opheft mei opstutsen wiisfinger. It skyld dekt troch in gouden kroan van 5 blêden.

It wie in ferfanging fan dy fan 25 maart 1818 mei as beskriuwing
Yn sulver in omkearde mûnts, klaaid yn in pij fan brún, dragend om syn mul in riem, dêroan in krúske oan in keatling, de linkerhân opstutsen mei omstutsen wiisfinger, dragende yn de rjochterhân in keatling, wêroan in krúske fan sulver en steande op in grûn fan grien. It skyld dekt troch in goeden kroan fan 5 blêden.

It wapen is sprekkend; de namme Skiermûntseach betsjut 'eilân fan de skiere mûntsen'. De eardere eigener fan it eilân wie it sistersjenzer kleaster Klaarkamp yn Rinsumageast. Dy mûntsen droegen in skier-grize pij.
Hoe âld oft it wapen is, is net bekend. It âldst is in 18e iuwsk segel, wêrop in dield skyld, it boppeste beladen mei in peal, hâlden troch twa liuwen, útkommende út de dielingsline, ûnder in earn. As hertskyld in rûn skyld mei in mûnts. It gehiel dekt troch in fiifblêdige kroan. It giet hjir om it wapen fan de destiidske Hearen fan Skiermûntseach, wêrby't de mûnts dus as symboal fan it eilân yn in hertskyld setten waard.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Van der Bergh, 1878