Bechtold Eugen von Bernstorff

Ut Wikipedy
Bechtold Eugen von Bernstorff
aadlik persoan en/of hearsker
echte namme Bechtold Eugen von Bernstorff
nasjonaliteit Dútsk
bertedatum 16 april 1902
berteplak Neustrelitz
stjerdatum 23 novimber 1987
stjerplak Jasebeck
dynasty Bernstorff
Greve
amtsperioade 1939-1987
foargonger Georg-Ernst August von Bernstorff
opfolger Andreas Gottlieb von Bernstorff

Bechtold Eugen von Bernstorff (Neustrelitz, 16 april 1902Jasebeck, 23 novimber 1987) is in neisiet fan de aadlike famylje Von Bernstorff. Fan 1939 oant syn dea yn 1987 wie er greve fan Bernstorf en it lân dat dêrby hearde. Novimber 1939 stoar syn heit, greve August von Bernstorff en erfde er dy syn titel en besit.

Dêr hearde ûnder oaren it fan syn pake greve Hartwig Arthur Berthold von Bernstorff foar 200.000 gûne kochte eilân Skiermûntseach by (1892). Nei de Twadde Wrâldkriich waard Skiermûntseach "út krêft fan artikel 3 fan it Beslút Fijanlik Fermogen" konfiskearre troch de Nederlânske Steat. De greve, dy't it goed fine koe mei de eilanners, wie bot teloarsteld. Hy ferlear net allinne Skiermûntseach, ek yn Dútslân rekken grutte parten fan syn besit yn hannen fan de steat. Fanwege ferwoastge brêgen oer de Elbe koe er net werom gean nei syn slot. Fanôf syn lân oan de oare kant fan de rivier seach er hoe't de gebouwen yn it easten fertutearzjen en syn ikkers ferwylderen.

Yn 1964 besocht Bechtold Eugen von Bernstorff Skiermuontseach werom te krijen. Doe't dat mislearre easke er in skeafergoeding fan de Dútske Steat. Benei 40 jier nei de konfiskaasje krige er yn 1983 in bedrach fan 80.000 Dútske mark. Von Bernstorff stoar yn 1987 en soan Andreas Gottlieb von Bernstorff wie syn erfgenamt.

Andreas Gottlieb von Bernstorff hat op it heden noch in 5700 hektare lân. De Nederlânske parse fernijde febrewaris 2008 dat de greve Skiermûntseach fannijs opeaske. Hy wol dêr neat fan witte, mar hat wol sein dat er besjen sil oft der rjochtlich hannele is wat de fergoeding fan 80.000 DM oanbelanget.