Noardereachsân

Ut Wikipedy
De Noardfryske eilannen mei Noorderuug Söön

Noardereachsân (Noardfrysk: Noorderuug Söön, Dútsk: Norderoogsand) is in ûnbewenne Noardfrysk eilân. It is it middelste en op ien nei grutste eilân yn it Nasjonaal park Sleeswyk-Holstein. It leit westlik fan Noardereach en Pälweerm en súdwestlik fan Hege en wurdt yn it suden troch Rummelloch fan Sudereachsân skieden. It eilân is sawat 7,5 kilometer lang (noard-súd) en sawat twa kilometer breed.

Sûnt ein jierren njoggentich nimt de mannichte sân ta en wurdt sels grutte dúnfoarming merkbiten. Sa ûntstiet der in nij eilân. Yn 2012 hiene de dunen al in hichte fan fjouwer meter berikt. It oerflak fan it eilân wurdt skat op 34 hektare. Der binne al 50 ferskate plantesoarten teld, ek komme der in soad seefûgels. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. “Nieuw eiland ontstaat voor Duitse kust”, 11 jannewaris 2013
 
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise