Springe nei ynhâld

Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân

Ut Wikipedy
Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân
Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân
algemiene ynformaasje
ôfkoarting OMF
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd hafabra-muzyk yn Fryslân
fêstige yn De Lemmer (Fryslân)
oprjochte 2011
fuortk. út CBMF
tal leden 230 pleatslike ferienings
offisjele webside
www.omfryslan.nl

De Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân (Nederlânsk en offisjeel: Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân), gauris ôfkoarte ta OMF, is in koepelorganisaasje foar ferienings op it mêd fan hafabra-muzyk yn Fryslân.[1] Dizze organisaasje is fêstige op De Lemmer[2] en telt 230 oansletten muzykkorpsen.[1] De OMF bestiet sûnt 2011[3] en is fuortkommen út it âldere Kristlik Bûn fan Muzykferienings yn Fryslân (CBMF).[3] Lanlik is de OMF sels wer oansletten by de Keninklike Nederlânske Muzyk Organisaasje (KNMO).[1]

Doelen en aktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De OMF hat as wichtichste doelen om 'e belangen fan syn lidferienings te behertigjen, de muzykbeoefening troch amateurs yn Fryslân oan te fiterjen en de kontakten tusken de ûnderskate muzykkorpsen yn Fryslân te befoarderjen.[1] Fierders besiket de organisaasje de útjefte fan muzykstikken oan te moedigjen en wurdt in bemiddeljende rol spile by dielname fan leden oan kampioenskippen, opliedings en play-ins en by kontakten mei de auteursrjochtebehearder Buma/Stemra.[1] Ek organisearret de OMF sels muzykeksamens en beskate konkoersen en festivals foar harmony-orkesten, fanfares, brassbands, drumbands, majorettekorpsen, twirlgroepen en solisten.[1] In foarbyld fan sa'n festival is it jierlikse Muzyk- en Sangfestival Skiermûntseach. En ta einbeslút wol de OMF as database fan relevante adressen fungearje.[1]

De OMF komt fuort út it Kristlik Bûn fan Muzykferienings yn Fryslân (CBMF).[3] Dy organisaasje ûntstie sels yn 1970 troch in fúzje fan twa eardere kristlike provinsjale koepelorganisaasjes fan muzykferienings yn Fryslân, dy't al sûnt 1925 bestiene.[4] Geandewei de lêste desennia fan 'e tweintichste iuw begûnen de kristlike en net-kristlike muzykkorpsen yn Fryslân hieltyd yngeander gear te wurkjen. Oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw wie dat proses safier foardere, dat der mienskiplike konkoersen en festivals holden waarden en dat der mienskiplike bestjoersgearkomsten belein waarden, ek al bestie dêr doe eins noch gjin juridyske basis foar.[3]

It wie lykwols dúdlik dat de foarkar fan alle belutsen organisaasjes yn Fryslân útgie nei ien algemiene provinsjale koepelorganisaasje.[3] It wie de bedoeling dat ien en oar regele waard troch in fúzje fan 'e trije lanlike bûnen: de sekuliere Keninklike Nederlânske Federaasje fan Muzykorganisaasjes (KNFM), de protestantske Nederlânske Federaasje fan Kristlike Muzykbûnen (NFCM) en de roomske Federaasje fan Katolike Muzykbûnen (FKM).[3]

Doe't de roomsen yn 2009 lykwols de stekker út dat ienwurdingsproses loeken (û.m. om't se fûnen dat de KNFM in fierstente grutte en djoere sintrale organisaasje yn stân hâlde woene),[3] waard besletten dat der op Frysk nivo ien mienskiplike organisaasje komme moast. In fúzje tusken it kristlike CBMF en de Fryske ôfdieling fan 'e KNFM bliek lykwols ûnmooglik om't de provinsjale KNFM-ôfdieling gjin selsstannich bûn wie.[3] Sadwaande waard doe besletten om it CBMF sels om te foarmjen ta in sekuliere koepelorganisaasje. Dat krige yn 2011 syn beslach: it CBMF hold op te bestean en tagelyk ûntstie as nije organisaasje de OMF.[3]

De wichtichste feroaring wie dat de kristlike grûnslach fan 'e provinsjale koepelorganisaasje ferdwûn.[3] Alle 160 kristlike muzykkorpsen yn Fryslân dy't earder lid west hiene fan it CBMF giene oer nei de nije organisaasje, en dêropta stapten fuortendaliks 60 fan 'e 75 sekuliere muzykkorpsen oer fan 'e KNFM nei de OMF.[3] De restearjende 15 sekuliere ferienings, benammen grutte showbands, bleaune by de KNFM.[3] Underwilens hie op lanlik nivo de NFCM himsels per 1 jannewaris 2011 opheft, wylst de FKM himsels op dyselde datum omneamde ta de Feriene Nederlânske Muzykbûnen (VNM). By dy organisaasje sleat de OMF him oan, om't it lidmaatskip dêrfan folle goedkeaper wie as oansluting by de KNFM.[3] Uteinlik kaam in lanlike koepelorganisaasje der dochs noch fan, doe't op 1 jannewaris 2014 de VNM en de KNFM opgiene yn 'e nije Keninklike Nederlânske Muzyk Organisaasje (KNMO).[5]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 1,6 Ynformaasje oer de Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân fan 'e eigen webside.
  2. Bedriuwsynformaasje oer de Organisaasje fan Muzykferienings yn Fryslân.
  3. 3,00 3,01 3,02 3,03 3,04 3,05 3,06 3,07 3,08 3,09 3,10 3,11 3,12 Friese korpsen krijgen eigen muziekorganisatie, yn: it Frysk Deiblêd, 23 july 2011.
  4. Skiednis fan 'e Jouster Fanfare, 1960-1970.
  5. Ynformaasje oer de skiednis fan 'e KNMO, fan 'e eigen webside.