Martin van Waning

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Martin van Waning
Art-1300258.svg keunstner
Grêfmonumint mei selsportret
Grêfmonumint mei selsportret
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gijsbertus Martinus Wilhelmus Franciscus van Waning
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 4 septimber 1887
berteplak De Haach
stoarn 7 july1972 (84 jier)
stjerplak Dokkum
wurkpaad
wurksum as Byldhouwer, skilder
offisjele webside
gjin

Gijsbertus Martinus Wilhelmus Franciscus (Martin) van Waning (De Haach, 4 septimber 1887Dokkum, 7 july 1972) wie in Nederlânsk byldhouwer en skilder.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Van Waning wie in soan fan Gijsbertus Martin van Waning en Maria Cornelia Johanna Trijssenaar. Syn heit wie referindaris by de Ried fan Steat en amateur-akwarelskilder; ek syn omke Kees van Waning skildere. Van Waning studearre wurktúchkunde yn Delft, mar wijde him nei syn stúdzje hielendal oan it skilderjen; hy wie doe 21 jier.[1] Hy folge lessen by keunstners lykas Charles Dankmeijer, Jan van Rhijnnen en Willem de Zwart en gie letter nei it keunstsintrum yn Wiesbaden. Yn Dútslân moete er de Russyske grutfoarst Orlov en waard dy syn partikuliere sekretaris. Tegearre mei Orlov reizge er ûnder oare troch Frankryk, Italië, Spanje en Noard-Afrika. Yn 1917 festige Van Waning him wer yn Nederlân. Hy wenne earst yn De Haach en fan 1925 ôf op de Feluwe.[2]

Yn 1937 ferhuze er nei it waadeilân Skiermûntseach, dêr't er syn atelier yn de eardere seefeartskoalle festige. Yn de Twadde Wrâldoarloch waard het atelier bombardearre en gie in grut part fan syn wurk ferlern.

Yn Van Waning syn skilderwurk is de ynfloed fan de Haachske Skoalle te fernimmen. Hy skildere ûnder mear wettergesichten en lânskippen. Neist skilder wie Van Waning ek byldhouwer, grafikus en medaljeur. Van Waning hat trije kear troud west en skiede ek trije kear. Hy liet trije soannen en in dochter nei.[3]

Wurk yn de iepenbiere romte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Smekende handen (1955), oarlochsmonumint yn Kampen
  • De Schiere Monnik (1961), Skiermûntseach

Publikaasjes oer Van Waning[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Martin van Waning 60 jaar", Nieuwsblad van het Noorden, 31 augustus 1949
  2. RKD id 82817}}
  3. Nederlân's Patrysjaat 86 (2005)