Springe nei ynhâld

Louise Mellema

Ut Wikipedy
Louise Mellema
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Louise Mellema
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 5 desimber 1900
berteplak Sâltkamp
stoarn 16 novimber 1990
stjerplak Skiermûntseach
wurk
taal Nederlânsk

Louise Mellema (Sâltkamp, 5 desimber 1900 - Skiermûntseach, 16 novimber 1990) wie in publisiste.

Se wie dochter fan slûswachter Theunis Lourens Mellema (inisjatyfnimmer fan it Noordelijk Scheepvaartmuseum yn Grins) en Fenna Orré. Tusken 1919 en 1928 wie hja troud mei predikant Hermanus HelBaudet. Se troude fannijs mei Marinus de Jong, dêr't hja yn 1952 fan skiedde en yn 1972 waard se de twadde frou fan sellist en klassikus Hugo Nolthenius dêr't hja al hiel wat jierren in ferhâlding mei hie.

Se wenne jierrenlang yn en om Haarlim en rekke befreone mei de skriuwers Adriaan Roland Holst en Godfried Bomans. Se wie lid fan de S.D.A.P.

Artikels fan har ferskynden yn dei- en wykblêden en ek yn it moanneblêd Spiegel der Zeilvaart. Sa skreau se yn 1964 it "In memoriam van Klaas van der Geest" foar de Ljouwerter Krante.

Sy skreau in soad oer Skiermûntseach.

Se wie in muoike fan Rutger Hauer (fia mem Teunke Mellema). It pear Mellema en Nolthenius waard beïerdige op Skiermûntseach. Dêr't se fan 1952 ôf wennen yn it hûske Toomelid. [1]

  • Ballade van een eiland
  • Mees Toxopeus (kronyk oer de âld-skipper)
  • Martin van Waning (biografy oer de skilder-byldhouwer Martin van Waning)
  • Rijmprenten van een waddeneiland
  • Schiermonnikoog, lytje pole (1973) omwurking fan Het eiland Schiermonnikoog

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Begraafplaatsen online, rieplachte 24 april 2021)