Mees Toxopeus
- De Wikipedy hat ek in side Toxopeus (famylje).
Mees Toxopeus, (Nije Pekela, 22 oktober 1886 - Skiermûntseach, 28 febrewaris 1974) wie in skipperssoan en seeman.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mees wie de twadde soan fan Jannes Toxopeus (1859-1934) en Everdina Kielema (1863-1942). Hy waard ferneamd nei pake fan memmekant de turfskipper Mees Kielema (1836-1922).
Yn 1917 waard er skipper op rêdingsboat C.A. den Tex (- 1922) en letter op de Hilda (1922-1926) dy't doe beide op Rottumereach stasjonere wienen (letter giene se respektyflik nei Harns/Hylpen en De Lemmer). Untwurp it begjinsel fan de selsrjochtsjende rêdingsboat Insulinde [1], dy't yn 1927 op de De Skâns stasjonearre waard. Toxopeus wie skipper op de Insulinde fan 1927 oant 1950. Dat jier joech hy it roer oer oan syn jongere broer Klaas dy't al stjoerman op de Insulinde wie. Mees syn soan Jannes Toxopeus (1908-1995), waard ek skipper by de rêdingmaatschappij. Op syn namme steane 200 reizen en 251 rêde drinklingen yn it eastlik Waadseegebiet.
Toxopeus ûntfong de earemedalje yn sulver fan de Oarder fan Oranje-Nassau en tal fan oare, ek ynternasjonale, ûnderskiedings. Guon dêrfan krige er foar syn fersetswurk yn de Twadde Wrâldoarloch. Hy waard yn 1951 eareboarger fan Nije Pekela. Syn lêste libbensjierren wenne hy op Skiermûntseach.
Neitins
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1963 waard in seeferkennersgroep yn Beverwyk nei Mees Toxopeus ferneamd en yn 1967 ferneamde Jan Berend Bazuin, eigener fan Hotel Bazuin op Skiermûntseach, syn kafee nei syn buorman Mees Toxopeus. De Tox Bar bestiet noch altyd.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|