Insulinde (rêdingsboat)
De Insulinde wie in motorrêdingsboat (mrb) fan de Noord- en Zuid-Hollandse Redding-Maatschappij (NZHRM). It wie de earste selsoprjochtsjende motorrêdingsboat yn 'e wrâld, in geskink fan de befolking fan Nederlânsk-Ynje (Insulinde). De Insulinde hat fan 1927 oant 1965 tsjinne op it rêdingsstasjon De Skâns (Oostmahorn) en waard doe ferfongen troch mrb Gebroeders Luden.
De Insulinde waard yn 1926/1927 boud op de werf fan de Bruorren Niestern yn Delfsyl nei in idee fan Mees Toxopeus en in ûntwerp fan Ernst Julius Vossnack. J. Niestern betocht in swiere bûtenkyl en in kieptank yn ien fan de syden dy't it mooglik makken dat de boat harsels oprjochtsje koe neidat se omslein wie. It systeem foldie sa bêst dat it neitiid op alle grutte rêdingsboaten fan de NZHRM tapast waard.
De Insulinde is totaal 339 kear útfearn nei in needsinjaal. Op 42 tochten waarden 332 minsken rêden (Loomeijer).
Doe't de boat yn 1967 út tsjinst naam waard, waard hy oankocht troch it Skipfeartmuseum yn Amsterdam. Yn 2005 lei de boat der frijwat min by en it museum fûn in restauraasje te djoer, mei omdat it net sa goed yn de kolleksje paste. It Rêdingmuseum yn De Helder naam it skip doe foar it symboalyske bedrach fan 1 euro oer. Fan 2007 oant 2011 waard de Insulinde restaurearre troch frijwilligers mei stipe fan bedriuwen. De boat hat de status fan Farrend Monumint krige.[1]
Technyske bysûnderheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lingte: 18.80 m.
- Breedte: 4.05 m.
- Djipgong: 1.45 m.
- Wetterferpleatsing: 50 ton.
- Materiaal: S. M. floeistiel.
- Ballastkyl: 100mm dik, 9.30 m lang, 6 ton swier.
- 21 wettertichte ôfdielingen
- Rûnom in holle rubberen fender.
- Echolead, middenweach radioynstalaasje, marifoan.
- Motors 1927; Twa 2 sylinder Kromhout-M.D.rauoaljemotors fan 2 x 60 hk by 400 toeren de min., yn aparte masinekeamers. Maksimum snelheid: 9 knopen.
- Motors 1949: Twa 6 silinder Gleniffer diselmotors fan 120 hk it stik by 900 toeren de min.; reduksje fan 2 : 1 oerbrocht op twa fjouwerblêdige skroeven. Maksimum snelheid: 10 knopen.
-
Insulinde en Gebroeders Luden, tegearre op De Skâns, 17 april 2011
-
It stjoerhûs, mei lûk fan efterste hutte
-
Knopboerd yn stjoerhûs
-
Stjoerhutte mei allinne stjoerrêd en gashendels
-
Koai foarste hutte
-
Foarste masinekeamer
-
Gleniffer-diselmotor, foarste masinekeamer
-
Masinekeamer efter
-
Radiohutte ûnder stjoerhûs
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Frits Loomeijer, De Insulinde. Geschiedenis van een legendarische motorreddingboot. 2002 Walburg Pers isbn/issn: 90-5730-222-5
- Hans Beukema, De Mannen van de Insulinde, 2010
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Neeltje Jacoba, it susterskip fan de Insuline
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webstee KNRM
- Lokaasjes rêdingstatsjons fan de KNRM op Google Earth
- side by dorusrijkers.nl
- webstee fan film De Redding
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |