Springe nei ynhâld

Nasjonaal Rêdingmuseum Dorus Rijkers

Ut Wikipedy
Nasjonaal Rêdingmuseum
Dorus Rijkers
  museum
Nije oanbou fan it museum
Nije oanbou fan it museum
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Flagge fan De Helder De Helder
plak Flagge fan De Helder De Helder
adres Willemsoord
koördinaten 52° 57′ N, 4° 46′ E
Algemiene gegevens
ferneamd nei Dorus Rijkers
type Maritym Museum
wurkmêd Rêding
oprjochting 1981
Arsjitektuer
type gebou Rykswerf
monumint. status Ryksmonumint
monumintnûmer 531547
Offisjele webside
reddingmuseum.nl
Kaart
Nasjonaal Rêdingmuseum Dorus Rijkers (De Helder)
Nasjonaal Rêdingmuseum Dorus Rijkers
Lokaasje yn De Helder

Nasjonaal Rêdingmuseum Dorus Rijkers yn De Helder jout in byld fan de skiednis fan it Nederlânsk rêdingswêzen op see. Dy skiednis giet fral oer dy fan de Keninklike Nederlânske Rêding Maatskippij (KNRM), mar ek fan de Rêdingsbrigade Nederlân (REDNED) de Kustwacht en de Maatskippij ta Rêding fan Drinkelingen (MRD).

It Rêdingmuseum, stichte yn 1982, sit sûnt 2003 op it hiem fan de eardere rykswerf Willemsoarde yn in earder wurkplak foar motorûnderhâld. Dat gebou is nij opmakke en krige in moderne fleugel. It museum hat "Nationaal" yn de namme meidat it him net beheind ta de lokale skiednis, mar it rêdingswêzen oan de hiele kust fan it Swin oant oan de Iems en Sudersee, it lettere Iselmar, omfiemet.

Oarspronklike swart-wytfilms, modellen, skilderijen en echte rêdingsboaten (yn it gebou en bûtendoar) ferhelje fan de skiednis fan it Nederlânske rêdingswêzen. It museum hat ek de farrende histoaryske rêdingsboaten Insulinde (1927), Johan de Witt (1941), Prins Hendrik (1951), Javazee (1967) en Tjerck Hiddes (1975).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: