Rauoaljemotor
Appearance
De rauoaljemotor is in type ferbaarningsmotor dy't fergelike wurde kin mei de gloeikopmotor. De motor kin earst oan de praat brocht wurde neidat de kop waarm genôch makke is. In rauoaljemotor kin rinne op in ferskaat oan oaljesoarten, lykas âlde motoroalje en plantaardige oaljes. De rauoaljemotor waard meast brûkt as stasjonêre motor en yn boaten. In rauoaljemotor hat in leech toeretal.
De rauoaljemotor waard stadichoan ferfongen troch de diselmotor, dy't yn 1892 útfûn waard en yn 1897 foar it earst op de merke kaam.