Klaas Toxopeus
- De Wikipedy hat ek in side Toxopeus (famylje).
Klaas Toxopeus | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Klaas Toxopeus | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 20 july 1904 | |
berteplak | Farmsum | |
stoarn | 19 desimber 1981 | |
stjerplak | Delfsyl | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Skipper & Stjoerman | |
aktyf as | Stjoerman & Skipper by de KNZHRM |
Klaas Toxopeus (Farmsum, 20 july 1904 - Delfsyl, 19 desimber 1981) wie stjoerman en skipper op de rêdingboaten fan de Keninklijke Noard- en Súd-Hollânske Rêdingmaatskipppij (KNZHRM), ien fan de foargongers fan de KNRM.
Toxopeus wie in soan fan Jannes Toxopeus (1859-1934) en Everdina Kielema (1863-1942). Syn achttjen jier âldere broer Mees Toxopeus wie ek skipper fan de KNZHRM.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Toxopeus learde fan jongsôf oan it Waadgebiet goed kennen, earst op de tsjalk fan syn heit en letter as fiskersfeint by syn omke yn Sâltkamp. Mei 22 jier waard er stjoerman fan de rêdingboat Hilda op it stasjon Rottumereach. Yn 1930 waard er stjoerman op de rêdingboat Insulinde, dêr't syn broer Mees skipper op wie. Dizze boat wie stasjonearre op De Skâns. Op 31 oktober 1950 folge er Mees op as skipper, en blean dit oant de boat yn 1964 út tsjinst nomd waard. Op 31 july 1964 gie er mei pensjoen.[1]
Yn 1930 troude Toxopeus mei Hillegiena Luchtenberg. Hja wennen op De Skâns en krigen twa dochters. Neist syn funksje by de rêdingsmaatskippij, hie er mei syn frou in kafee op de seedyk fan Eastmahorn.
Toxopeus makke 270 tochten mei in rêdingboat en helle 315 persoanen behâlden nei de wâl. Hy ûntfong in soad ûnderskiedingen út binnen- en bûtenlân, dêr't de sulveren earemedalje ferbûn oan de Oarder fan Oranje-Nassau (1955) en de sulveren medalje earste klas yn de Oarder fan de Wite Roas fan Finlân ûnder wienen.
De parse hie yn de jierren 1930 in protte omtinken foar rêdingen. Dat kaam de rêdingmaatskippij goed út, omdat dy it hawwe moast fan partikuliere jeften. Rêders waarden gereldwei yn it sintsje set en belutsen by publisiteitsaksjes. Yn de jierren fyftich en sechtich spile Toxopeus dêrby in wichtige rol. Hy wie in goed ferteller en dat rekke bekend. Hy waard frege foar lêzingen, earst yn de omkriten, letter it hiele lân troch. Dat late wer ta útnûgings foar radioprogramma's, beide wienen populêr.
Boeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Utjouwerij Het Wereldvenster út Baarn frege him om syn oantinkens op papier te setten. Hy waard holpen troch Age Scheffer, sjoernalist by het Vrije Volk, dy't as skipperssoan de eftergrûn en heroyk fan de ferhalen goed oanfielde. Koart nei elkoar ferskynden trije boeken:
- 1952 - Vliegende storm
- 1953 - Woest water. Herinneringen van een Nederlands zeeman
- 1955 - Stormnacht. Avonturen aan de Nederlandse kust
De boeken waarden werprinte en yn 1956 bondele ta in omnibus mei de titel De Memoires van de schipper van de reddingboot 'Insulinde', dy't noch yn 1974 ûnder de titel Herinneringen van Klaas Toxopeus in 9e printinge meimakke. Fan Vliegende storm ferskynde yn 1954 yn New York in Ingelske oersetting mei de titel Flying storm. Adventures of the skipper of a rescue boat off the stormy coast of Holland. Yn it Dútsk kaam yn 1955 Harte Männer, harte See út. It waard yn 1964 werprinte yn in jubileumútjefte by gelegenheid fan Toxopeus syn ôfskied fan de KNZHRM (mei in libbensbeskriuwing troch Age Scheffer). Yn 1958 publisearre Toxopeus ek noch De Eilander. Roman van de lokkende zee.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|